Oerlis:Keninklike Wagenborg

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:Wagenborg (rederij))

Wa wit der mear oer de boaten fan Wagenborg en dan benammen dy fan de feartsjinsten?

  • MS Brakzand, earne tusken 1911 en 1922, farrûte Eastmahorn - Skiermûntseach
  • MS Schiermonnikoog, earne tusken 1911 en 1922, farrûte Eastmahorn - Skiermûntseach
  • MS Vooruitgang III, Yn tsjinst 1922, farrûte Sâltkamp - Skiermûntseach
  • MS Brakzand, boujier tusken 1927 en 1929, Farrûte Eastmahorn -Skiermûntseach (no farjend as TX35 op Texel)
  • MS Ameland I ?
  • MS Waddenzee, boujier 1920, farûte Holwerd - Amelân, Mooglik ek Eastmahorn - Skiermûntseach, út tsjinst earne yn de jieren 50, leit no as kluphûs yn de Bataviahaven Lelystêd.

Yn totaal moatte der ûngefear 48 boaten west hawwe.

Wikiice (talk) 4 apr 2014, 21.39 (CEST)[beäntwurdzje]

De koartste klap soe wêze kinne en sykje kontakt mei Wagenborg. Drewes (talk) 5 apr 2014, 16.21 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik sil fannewike earst ris op syk nei it boek dat Wagenborg útbrocht hat doe't se 100 jier bestine. It liket my dat dêr ek it ien en oar yn stean moat. Wikiice (talk) 5 apr 2014, 17.02 (CEST)[beäntwurdzje]
Dizzen:
  • Wim Wennekes und Durk Reitsma: Hotel Schiermonnikoog - Hotel van der Werff
  • Hans Beukema: Wagenborg 100 jaar. Transport over water, wadden en wegen. De Alk, Alkmaar 1998
Dizze bedoelde ik: Gerrit de Boer: Wagenborg 100 jaar : de schepen van 1898 tot 1998, mar dy fan Hans Beukema soe ik ek probearje kinne.Wikiice (talk) 5 apr 2014, 20.03 (CEST)[beäntwurdzje]

twa boaten: Monnik en Monnik.[boarne bewurkje]

Is it net Monnik en Rottum? Matthijs Bouma (oerlis) 7 jun 2021, 10.54 (CEST)[beäntwurdzje]

Wagenborg passazjierstsjinsten[boarne bewurkje]

Kinne we dizze side net better omneame nei Wagenborg Passazjierstsjinsten as de offisjele namme Wagenborg Passagiersdiensten. Net dat ynformaasje oer de skiednis fan Wagenborg Passazjierstsjinsten ienfâldiger te finen is, want dat is net it gefal, mar om't de hiele Wagenborg groep in tige grutte organisaasje is mei ferskate aparte ûnderdielen. Wêrûnder de tak Passazjierstsjinsten. FreyaSport (oerlis) 25 okt 2022, 20.06 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie @FreyaSport, jo soene faaks in aparte side oer de passazjierstsjinsten meitsje kinne en dizze side oer Wagenborg yn it algemien. Mar dizze side moat noch wol by de tiid brocht wurde, want it tal difyzjes en it tal wurknimmers ferskilt nochal as wat der yn nl neamd wurdt. Groetnis Kneppelfreed (oerlis) 26 okt 2022, 02.24 (CEST)[beäntwurdzje]

Twifelje oer dit part, ha de yndruk dat der de ôfrûne jierren divyzjes gearfoege binne. mar hoe en wat? Dêr kin ik net alhiel útkomme. Die iennichste ûnderdielen dêr't ik al wis fan bin, binne: Wagenborg Passazjierstsjinsten en Wagenborg Nedlift. FreyaSport (oerlis) 30 okt 2022, 10.32 (CET)[beäntwurdzje]