Oerlis:Waadeilannen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Waadeilannen sjabloan[boarne bewurkje]

Ik ha in fraach oer it sjabloan oer de Waadeilannen. Wêrom stean net alle eilannen yn dit sjabloan? Wit ien dat?

It giet oer ûndersteand sjabloan:

 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

J'88

Der binne guons dy't net sa sjarmeard binne fan berjochten, omdat der ek kategoryen binne. Sjoch it oerlis dat hjir oer hôlden is: [[1]]. --Geoffrey 18 mrt 2008, 23.15 (CET)[beäntwurdzje]
Tige tank Geoffrey. It is in lestige diskusje. Ik bin eigenliks net tsjin dizze berjochten. Mar dan moat it der wol goed stean. Sa as it der no stiet is it, neffens my, net goed en moat it oanpast wurde (hoe solks moat wyt ik net).
Ik hoop dochs net dat ik dizze âlde diskusje wer op gong bring wêr troch oare minsken net mear skriuwe wol foar Wikipedy;-).J'88
Dat lêste sil wol tafalle. Sa at jo yn it begjin al opmerke, de ynhâld kloppet net hielendal. Better it is net dúdlik wat hjir no wol en net by heart en ek eltsenien kin der wêr oare ideeën oer hawwe. Dat is ek myn grutste beswier tsjin dit soarte berjochten, it liket wol aardich mar de ynhâld is lêstiger goed te krijen. Theun 19 mrt 2008, 20.50 (CET)[beäntwurdzje]

Wat binne Waadeilannen?[boarne bewurkje]

Waadeilannen is in oersetting fan it Nederlânske Waddeneilanden. Dat hat mei Nederlânsk nasjonalisme te krijen om ús leech te lizzen. Ik bin fan betinken dat wy sokke ekstreem-rjochtse tinkwizen keare moatte op Wikipedy en as folwoeksenen de normale namme brûke. Yn alle oare talen útsein it Nederlânsk binne op ús side:

  • Bretonsk: Inizi Friz ar C'hornôg
  • Deensk: De Frisiske Øer
  • Dútsk: Friesische Inseln
  • Esperanto: Okcident-Frisaj Insuloj
  • Ingelsk: Frisian islands
  • Katalaansk: Illes Frisones
  • Norsk (bokmål)‬: De frisiske Øyer
  • Poalsk: Wyspy fryzyjskie

Omdat in soad Friezen har net bewust binne fan it Nederlânske nasjonalisme, lit ik de âlde namme stean sadat hja it opsykje kinne mei de ferkearde Nederlânske namme.

Mei freonlike groetnis, de jimmer oprjochte Kening Aldgilles 20 foarjiersmoanne 2008, 17:37 (CET)

Dit is fansels wol hiel koart troch de bocht. It binne fansels waadeilannen, net om't it yn it nederlânsk waddeneilanden neamt wurde mar om't it waadeilannen binne, dat wol sizze eilannen dy't op in waadkust ûntstien binne. Dus earne oars as in rotseilân as in fulkaaneilân.
Al dat gedram oer it Nederlânsk nasjonalisme slacht as in tange op in baarch. Ek it neamen fan ekstreem-rjochts tinkwizen fyn ik der fier by troch. Sels op it webstee fan de Ynterfryske Rie wurdt gewoan oer in waadeilân sprutsen.
Fanút perspektyf fan Friezen dy't yn Fryslân wenje, is it part fan de westfryske waadeilannen fansels ek yn te dielen yn in hollânsk waadeilân, fryske waadeilannen en grinzer waadeilannen.
Nammejouwing hat ek te krijen mei de geografyske en administrative yndieling en feroaret ek yn de rin fan de tiid. Om no te sizzen dat in dútske namme better oernaam wurde kin dan de nederlânske fyn ik net in automatisme wat we brûke moatte.
Ik haw wol yn de gaten dat jo altiten útgeane fan in tiid dat al dy eilannen frysk wêst hawwe, hoewol dat mei de noardfryske waadeilannen neffens my ek net foar alle eilannen jild. Mar der is fansels ek in tiidrek (bygelyks no) oan te wizen dat ynwenners fan de eilannen har perfoarst net as Frysk sjogge, sels op in pear eilannen dy't by de provinsje Fryslân hearre.
Koartsein ik haw wol myn betingsten oer dizze wyzigings, en dat komt ek noch it meast troch boppesteande argumentaazje fan Aldgilles. Theun 21 mrt 2008, 12.26 (CET)[beäntwurdzje]

Edit war[boarne bewurkje]

Om in saneamde edit-war foar te kommen ha ik wat dinkjes feroare. De namme Fryske eilannen kinne wy hjir skoan brûke. Wy kinne der bêst grutsk op wêze dat dy eilannen dy namme ha. It foardiel fan Wikipedy is dat wy as Friezen sels bepale kinne hokker namme wy kieze. At jo by sykje 'Waadeilannen' ynfolje, dan sjogge jo dat je op de side oer de Fryske eilannen útkomme. De earste sin jout klearrichheid oer de ynhâld fan de side. Ynstee fan in emosjonele diskusje ha ik de subseksje 'namme' op 'e nij skreaun. Ynstee fan spekulearje ha ik by dy subseksje wat feiten neamd. Koartsein, elkenien kin lêze dat it om de Waadeilannen giet, en elkenien kin de side fine. --Kening Aldgilles 13 jun 2009, 17.55 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw de bewurkkriich útskreaun op Wikipedy:Oerlisside#Eilannen. Dan kin der in beslút oer naam wurde. Aliter 13 jun 2009, 19.18 (CEST)[beäntwurdzje]