Oerlis:Västerbottens län

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik soe sels tink "West(er) tienoftoar" sizze. Ik sil ris sjen at dat faker dien is. Mar faaks wichtiger is dat Sweden ornaris "Landskap" oersette as "provinsje"; dat is de âlde opdieling. Moatte wy net gewoan "lân" sizze, krekt as it lân Wildinghe en Wymbrits (lân)? Mysha (oerlis)

Ynteressant om dêr by stil te stean. De fraach is hoe fier't jo de oersetting dan trochsette, want "botten" betsjut "boaiem". Soene jo dêr dan "Westerboaiem" fan meitsje wolle of is dat krekt in stap te fier? "Dalarna", de namme fan in oare län (provinsje?), betsjut eins "de dalen" of "de falleien", mar sa kinne jo in side fansels net neame. It is in foarkarskwestje, mar ik hâld eins wol fan de wize wêrop't de Nederlânske Wikipedia hjirmei omgiet. De orizjinele namme behâlde en yn de tekst in oersetting jaan. Mar krekt wat jo en oaren derfan tinke. Wat de oersetting foar län oanbelanget tink ik dat der seker wat foar "lân" te sizzen is (tink oan Grinslân), alhoewol't ik my ek foarstelle kin dat it foar lêzers somtiden betiizjend wêze kin. Mathys1995 (oerlis)