Oerlis:Langsturtspraatwjukken

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:Urbanus (flinterskaai))

Ingelsk: Long-tailed skippers - Langsturt-groukopkes? Mysha

Mysha, Do hiest fragen oer oersettings fan biste- en flinternammen. Soene wy it wurdboek fan Nederlânsk-Frysk net riedplachtsje kinne? It stiet net yn it Ingelsk-Frysk wurdboek. De Nederlânske namme is Urbanus proteus. Ik bin op it stuit net thús en haw allinnich it Prisma wurdboek by my, dêr't gjin oersetting fan Urbanus proteus yn stiet. Meidat it Frysk in standerttaal is moatte wy brûkme meitsje fan de offisjele stavering. Oars soene wy de Fryske Akademy hifkje moatte. Kening Aldgilles
Ik bin ek net thús, sadwaande. Urbanus proteus is yndie ien soarte út dit skaai, mar dy soarte wennet fier fuort, dat ik wit net at der offisieel ea immen yn Nederlân in namme foar betocht hat, of foar it skaai. Mar it skaai hjit yn it Ingelsk "Long-tailed skippers", net allinnich nei dy iene soarte - oare soarten hjitte ek fan "ien of oar longtail". Mar ris sjen wat wy fine kinne at wy thúskomme. Mysha

In offisjele namme wurd fansels lêstich, dy bestiet faaks gewoan net. Sels op de nederlânske wiki hawwe se gjin nederlânske namme foar nl:Urbanus proteus. Dus in fermelding yn it Fryske wurdboek kinne je fansels ferjitte, nammen fan famyljes, skaaien ensfh. binne noch folle lêstiger.
Ik tink dat it ek net sa fier gean moatte om foar eltse dier- as plantesoarte in fryske namme hawwe te wollen. Mar wêr de grins te lizzen is net sa maklik.
Aliter hat neffens my oer de fûgelnammen wolris kontakt hân mei it biologysk wûrkferbân mar dêr wit ik fierder ek net safolle fan. Ik kin der wolris in meeltsje oan weagje nei it taalburo fan de FA, oer hoe hjir mei om te gean. Mar úteinlik sil wy der dochs sels oer beslisse moatte. Ik bin der wol fan oertsjoege dat dêr gjin ienriedige oplossings foar binne, foar in hiele bulte biste- en plantesoarten besteane allinnich mar latynske nammen. Hâld der ek rekken mei dat de yndieling yn famyljes en skaaien wol aardich yn beweging is de lêste tsien jier ûnder ynfloed fan DNA undersyk.
Foar de fûgels is der bygelyks in list mei fryske fûgelnammen mei sa'n 500 soarten. Soarten dy't net yn dizze list steane (steane ek net yn it wurdboek), moast dan sels wat sinnichs sjen te betinken ast tenminste in fryske namme brûke wolst. Bygelyks de Elfûle haw ik oernaam fan de dútske en ingelske namme wylst yn it nederlânsk kabouteruil brûkt wurdt, jout wol itselde idee. Theun 30 jun 2007, 09.52 (CEST)[beäntwurdzje]