Springe nei ynhâld

Oerlis:Twadde Keamerferkiezingen 2025

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 15 deien lyn troch Klaasgroen by it ûnderwerp Format

Format

[boarne bewurkje]

Is der in fêst format foar ferkiezings en wêr kin ik dat fine? Ik wol hjir wol faker mei oan de slach en dat is it handich as der in basis leit wêr't de mienskip hjirre it al oer iens is. Of is der hjir mear frijheid as op de Hollânske wiki? Klaasgroen (oerlis) 25 jan 2026, 21.27 (CET)Beäntwurdzje

Wêr't ik bygelyks nei op syk bin, dat binne de standertkleuren fan de partijen. Dat soe al in bult wurk skele as dat earne sintraal beheard wurde kin. Klaasgroen (oerlis) 25 jan 2026, 21.46 (CET)Beäntwurdzje
Wat fine jim fan de tafoeging fan de selektearre keamerleden ynklusyf stimtal en in oersjoch fan de fertsjintwurdiging per regio? Klaasgroen (oerlis) 25 jan 2026, 22.21 (CET)Beäntwurdzje

@Klaasgroen: Goeie. Der is gjin fêst format as sadanich, mar jo soene de lay-out fan dizze side as format brûke kinne. Dat sein hawwende, binne de regels hjir op 'e Fryske Wikipedy yndie net sa rigide as op Nl:. Wy fine hjir bygelyks dat de krekte lay-out fan in side ûnderdiel is fan frije kar fan 'e skriuwer. Krekt as oan 'e tekst kinne oare meidoggers dêr fansels letter feroarings yn oanbringe, dus hechtsje jo der net altefolle oan. Ek binne der wol wat beheinings oan. Sa moat de ynfoboks rjochtsboppe-oan en de keppelings om utens en de boarnefermelding ûnderoan, oars wurdt it in rommeltsje. Mar wy fine dat yn prinsipe eltse meidogger in eigen ynfoboks ûntwerpe mei as de besteande boks him om de iene of oare reden net sinniget. (Wol even opnimme yn 'e list op Wikipedy:Ynfoboks, oars kin net ien him mear weromfine.) De standertkleuren fan 'e partijen kinne jo op dizze side weromfine yn 'e tabel ûnder it kopke Utslach (bgl. by D66 de koade efter it # by ! style="background-color: #00CD67" | . (Mar dat wisten jo al want dy kleuren hawwe jo ek brûkt by jo tafoegings oan dit artikel. Dus miskien begryp ik jo fraach net goed.) Der bestiet by myn witten hjir op 'e Wikipedy lykwols gjin "sintraal behear" foar partijkleuren. De tafoeging fan selektearre keamerleden ynklusyf stimtal en in oersjoch fan de fertsjintwurdiging per regio fyn ik poerbêst: in ferriking fan it artikel. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 jan 2026, 14.14 (CET)Beäntwurdzje

@Klaasgroen en Ieneach fan 'e Esk: By it oanmeitsjen fan dizze side bin ik ferline jier útgien fan wat der op dat stuit al stie oan siden oer eardere Twadde keamer ferkiezingen. Ek wat de kleuren betreft. Al heugt it my dat ik gebrûk makke ha fan kleuren op de Nederlânske Wikipedy Dêr't ik de kleuren út de boarne fan dizze side fiske ha. FreyaSport (oerlis) 26 jan 2026, 15.04 (CET)Beäntwurdzje
@Klaasgroen en FreyaSport: Ik haw de partijkleur fan 'e FNP ferbettere neffens wat der yn 'e ynfoboks op nl:Fryske Nasjonale Partij fermeld stiet. Ik haw it ek ferbettere yn 'e boppeneamde list op Nl: mar ik wit net oft se it dêr stean litte. Se binne dêr yn myn ûnderfining wolris wat sinnich yn 'e edits dy't sûnder útlis weromset wurde. Hoe dan ek, de partijkleur fan 'e FNP skynt #21366B te wêzen, in donkerblauwe kleur en net it brunige dat dêr oant no ta foar brûkt waard. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 jan 2026, 15.23 (CET)Beäntwurdzje
@Klaasgroen en Ieneach fan 'e Esk: Dêr hie ik doe ek al wat mei mei dy kleur fan de FNP wit sa út myn holle net mear wat ik dêr mei dien ha. Mar dat is fêst werom te finen yn de skiednis fan dizze side. FreyaSport (oerlis) 26 jan 2026, 15.27 (CET)Beäntwurdzje
Wit er ien ek mear oer sjabloanen? Dat is ek in fak apart. Ik wol der wol yn dûke, mar as der al in begjin makke is, dan soe dat skele. Klaasgroen (oerlis) 26 jan 2026, 21.43 (CET)Beäntwurdzje
@Klaasgroen: Jo moatte even wat mear ynformaasje jaan. Hokfoar sjabloanen bedoele jo? Trouwens Ned. Sjabloon:... en Ingelsk Template:... is hjir op 'e Fryske Wikipedy "Berjocht:...". Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 jan 2026, 21.59 (CET)Beäntwurdzje
Ah, dat ferklearret in soad. Dêrom koe ik neat fine. Mar berjocht is dus de basis. Is dêr in oersjoch fan? Klaasgroen (oerlis) 26 jan 2026, 22.02 (CET)Beäntwurdzje
Goed om fan immen te hearen! Hoe't dat sit mei sintraal behear fan partijkleuren. Dêrfoar moat ik earst de Hollânske wikipedy mar eefkes better yndûke. Ek dat mei ynfoboksen moat ik my wat mear yn ferdjipje. Ik ha wol ris oartalige siden sjoen dy't ik sels moaier fûn. Mar moai dat hjir dy romte is om der mei oan de slach te gean. Klaasgroen (oerlis) 26 jan 2026, 16.19 (CET)Beäntwurdzje