Oerlis:Teksel

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wurdt der wier "Tek-sel" sein, of it better om "Tessel" te skriuwen? Aliter 01.41, 1 nov 2006 (CET)

Wat my oanbelanget kin it better Tessel wurde. De ienige lju dy't ik oait Teksel sizze heard haw wienen Limboargers. Fan lju út de oare kant fan it lân kin men noch ferwachtsje dat se it ferkeard útsprutse mar fan Friezen, dy't de Noard-Hollanners as noabers hawwe, moat in korrekte útspraak dochs net te folle frege wêze. Steinbach (WanabeFries) 09.51, 1 nov 2006 (CET)
Ik haw ek ris in skoftsje mei in persoan yn de kunde west dy't wier Tek-sel sei, dizze persoan wie hikke en tein op it eilân sels. Ik haw fanôf dy tiid ek tocht dat de minsken fan Tessel sels Teksel sizze. Mar fierders wurdt neffens my yn Fryslân Tessel brûkt. Dan is fansels de fraach, is Teksel hollânsk, in oerbliuwsel fan it frysk, ik haw gjin idee, dus ek gjin dúdlike foarkar. Theun 20.41, 1 nov 2006 (CET)

Neffens nl:Texel hat it altiten "Tessel" west oant lju dy't de namme net koenen de gearskreaune ss foar in x oanseagen. Aliter 22.51, 1 nov 2006 (CET)

Ik haw ek nochris by it taalburo fan de FA neifrége, jou't ek Tessel oan, dus ik haw it mar oanpast. Theun 10.20, 2 des 2006 (CET)