Oerlis:Swettebosk
Nij mêdAppearance
Lêste reäksje: 1 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Bestjoerlike ienheid
Bestjoerlike ienheid
[boarne bewurkje]Is de "kategory:bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1970" hjir wol fan tapassing? It is in park fan 'e gemeente, net fan in stifting of feriening. RomkeHoekstra (oerlis) 12 mai 2025, 08.23 (CEST)
- Nee: It is net in bestjoerlike ienheid. Mysha (oerlis)
- Jawol: it wurdt bestjoerd as in park. Der kin bygelyks net samar in stik fan ferkocht wurde om in hûs op te bouwen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 mai 2025, 01.06 (CEST)
- At der no in betsjutting mei begrinzings oan "Bestjoerlike ienheid" jûn wurdt, wie it dan net de tiid om ris Bestjoerlike ienheid te skriuwen? Mysha (oerlis)
- @Ieneach fan 'e Esk en Mysha: Dat der net samar in stik fan ferkocht wurde kin hat mei bestimming te krijen. Wy ha hjir by ús yn 'e buert it bosk fan Ypey en dat is ûnderbrocht yn in stifting "Stichting op Toutenburg". Net it bosk fan Ypey sels, mar de stifting is dan de bestjoerlike ienheid. It Swettepark is ûnderdiel fan gemeentlik grien, it hat sels gjin eigen bestjoer (gjin 'bestjoerlike ienheid') en falt lykas oar grien (as bermen of oare parken) ûnder it behear fan 'e gemeente (en dy gemeente is dan wol wer in bestjoerlike ienheid).--RomkeHoekstra (oerlis) 13 mai 2025, 22.31 (CEST)
- Ja, mar dan wurdt it dochs troch de gemeente bestjoerd as ienheid? As ik jo goed begryp sjogge jo in bestjoerlike ienheid allinnich as in gebiet mei in eigen bestjoer. Mar is in park of begraafplak dat troch de gemeente bestjoerd wurdt net likegoed in bestjoerlike ienheid? (Ik fyn fan wol.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 mai 2025, 01.20 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk en Mysha: Ja sa is it. In bestjoerlike ienheid is in geografysk gebiet mei in eigen bestjoer, lykas in lân, provinsje, departemint, gemeente, distrikt. It Swettepark en oare Snitser parken falle mei oare grienfoarsjennings en bermen ûnder it gemeentlik bestjoer. It hat as park gjin selsstannich bestjoer om besluten te nimmen en it park sels is dus gjin bestjoerlike ienheid. It ûntbrekken fan in selsstannich bestjoer foar it park makket hjir it ferskil (it kin dus op oare plakken wol oars wêze). Ik kin it spitigernôch net oars útlizze. --RomkeHoekstra (oerlis) 14 mai 2025, 09.09 (CEST), Drewes (oerlis) 14 mai 2025, 17.16 (CEST)
- Ik slút my by Romke oan. Kneppelfreed (oerlis) 14 mai 2025, 20.24 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Dúdlik genôch; kinne jo dat dan sa útskriuwe op Bestjoerlike ienheid? Mysha (oerlis)
- Tsja, dêr bin ik it net mei iens. Ik fyn dat in hiel beheinende útlis fan it begryp "bestjoerlike ienheid". Ik hie foar dizze kategoryen krekt dy term keazen omdat dêr neffens my alles ûnder beflapt wurde kin fan in steat oant in park of begraafplak. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 mai 2025, 02.26 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: Dat mei sa wêze Ieneach, mar ik leau dat jo it begryp bestjoerlike ienheid te rom útlizze. Yn jo útlis is sels in lyts plantsoentsje mei in namme in bestjoerlike ienheid. Ek in berm soe yn jo útlis in bestjoerlike ienheid wêze kinne. Itselde mei begraafplakken: in begraafplak falt yn 'e measte gefallen ûnder de gemeente of tsjerke en is dus gjin bestjoerlike ienheid, it foarmet ûnderdiel fan in grutter gehiel, yn dit gefal de gemeente of de tsjerke. Ik ha noch eefkes socht nei in definysje foar in bestjoerlike ienheid. Ik fûn hjir dizze útlis. By de CBS stiet hjir dizze sin: "De gemeente is de kleinste lokale bestuurseenheid". Ik tink dat wy ús al wat oan 'e gongbere definysjes hâlde moatte.--RomkeHoekstra (oerlis) 15 mai 2025, 12.48 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Mei alle respekt, hear, Romke, mar ik moat wol in bytsje laitsje om jo foarbylden. Dat is fansels net sa, dat fan in plantsoentsje en in berm. It moat wol dúdlik in ôffrede gebiet wêze mei in eigen namme. Parken en begraafplakken hawwe yn 'e regel in stek deromhinne (dúdlike ôffreding) en se hawwe ek in eigen namme, in eigen skiednis en in eigen jier fan oprjochting (der is noch nea in berm of in plantsoentsje oprjochte). Tankjewol, yn elts gefal, dat jo dit sa serieus nimme dat jo nei boarnen sykje en dat jo de diskusje oangeane. Mar dy definysje giet oer in bestjoersienheid (ienheid fan bestjoer) en net oer in bestjoerlike ienheid (ienheid dy't bestjoerd wurdt). Miskien binne jo dat ek net mei my iens, mar ik sjoch dêr ferskil tusken. No ja, goed, we moatte hjir ek net te lang oer trochgean. Wy ferskille op dit punt blykber fan miening. Ik begryp wol wat jo bedoele, ek al kin ik my der net alhiel yn fine. Ik sil der gjin sliep om ferlieze as jo de kategory oer bestjoerlike ienheid hjir fuorthelje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 mai 2025, 20.56 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: Dat mei sa wêze Ieneach, mar ik leau dat jo it begryp bestjoerlike ienheid te rom útlizze. Yn jo útlis is sels in lyts plantsoentsje mei in namme in bestjoerlike ienheid. Ek in berm soe yn jo útlis in bestjoerlike ienheid wêze kinne. Itselde mei begraafplakken: in begraafplak falt yn 'e measte gefallen ûnder de gemeente of tsjerke en is dus gjin bestjoerlike ienheid, it foarmet ûnderdiel fan in grutter gehiel, yn dit gefal de gemeente of de tsjerke. Ik ha noch eefkes socht nei in definysje foar in bestjoerlike ienheid. Ik fûn hjir dizze útlis. By de CBS stiet hjir dizze sin: "De gemeente is de kleinste lokale bestuurseenheid". Ik tink dat wy ús al wat oan 'e gongbere definysjes hâlde moatte.--RomkeHoekstra (oerlis) 15 mai 2025, 12.48 (CEST)
- Tsja, dêr bin ik it net mei iens. Ik fyn dat in hiel beheinende útlis fan it begryp "bestjoerlike ienheid". Ik hie foar dizze kategoryen krekt dy term keazen omdat dêr neffens my alles ûnder beflapt wurde kin fan in steat oant in park of begraafplak. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 mai 2025, 02.26 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk en Mysha: Ja sa is it. In bestjoerlike ienheid is in geografysk gebiet mei in eigen bestjoer, lykas in lân, provinsje, departemint, gemeente, distrikt. It Swettepark en oare Snitser parken falle mei oare grienfoarsjennings en bermen ûnder it gemeentlik bestjoer. It hat as park gjin selsstannich bestjoer om besluten te nimmen en it park sels is dus gjin bestjoerlike ienheid. It ûntbrekken fan in selsstannich bestjoer foar it park makket hjir it ferskil (it kin dus op oare plakken wol oars wêze). Ik kin it spitigernôch net oars útlizze. --RomkeHoekstra (oerlis) 14 mai 2025, 09.09 (CEST), Drewes (oerlis) 14 mai 2025, 17.16 (CEST)
- Ja, mar dan wurdt it dochs troch de gemeente bestjoerd as ienheid? As ik jo goed begryp sjogge jo in bestjoerlike ienheid allinnich as in gebiet mei in eigen bestjoer. Mar is in park of begraafplak dat troch de gemeente bestjoerd wurdt net likegoed in bestjoerlike ienheid? (Ik fyn fan wol.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 mai 2025, 01.20 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk en Mysha: Dat der net samar in stik fan ferkocht wurde kin hat mei bestimming te krijen. Wy ha hjir by ús yn 'e buert it bosk fan Ypey en dat is ûnderbrocht yn in stifting "Stichting op Toutenburg". Net it bosk fan Ypey sels, mar de stifting is dan de bestjoerlike ienheid. It Swettepark is ûnderdiel fan gemeentlik grien, it hat sels gjin eigen bestjoer (gjin 'bestjoerlike ienheid') en falt lykas oar grien (as bermen of oare parken) ûnder it behear fan 'e gemeente (en dy gemeente is dan wol wer in bestjoerlike ienheid).--RomkeHoekstra (oerlis) 13 mai 2025, 22.31 (CEST)
- At der no in betsjutting mei begrinzings oan "Bestjoerlike ienheid" jûn wurdt, wie it dan net de tiid om ris Bestjoerlike ienheid te skriuwen? Mysha (oerlis)
- Jawol: it wurdt bestjoerd as in park. Der kin bygelyks net samar in stik fan ferkocht wurde om in hûs op te bouwen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 mai 2025, 01.06 (CEST)
Stee
[boarne bewurkje]Nei it súden koe rekkene wurde dat it oant de huzen fan de GBleane trochrint. Nei it easten leit, sis mar, de Ljouwerterdyk. Nei it noarden de Oerdyk, en nei it westen de Snitser Trekfeart. Mysha (oerlis)
- Dat de grinzen dy't der no stiene binne net goed. Mysha (oerlis)
- @Mysha: Ik ha it oanpast. Wolle jo it noch eefkes neilêze of it sa goed is? --RomkeHoekstra (oerlis) 15 mai 2025, 08.22 (CEST)