Springe nei ynhâld

Oerlis:Swellesturtwilstereftigen

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 14 deien lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Nije side

Nije side

[boarne bewurkje]

@Ieneach fan 'e Esk@RomkeHoekstra: Goeie. Jou asjebleaft kommentaar op de foarstelde nammen, benammen de draaffûgels (NL: renvogels). Ruurd Jorritsma (oerlis) 24 jan 2026, 23.43 (CET)Beäntwurdzje

@Ruurd Jorritsma: "Draaffûgel" liket my in korrekte oersetting ta fan renvogel / courser. Gjin beswier. Idem dito foar "swellesturtwilster". Wat de soarten oangiet, hoe komme jo by "Pennardraaffûgel"? Ned. hat jerdondraaffûgel en En. hat Jerdon's courser. Hoe komme jo by "savannedraaffûgel" wylst oare talen temminckdraaffûgel hawwe? En hoe komme jo by "donkere swellesturtwilster" wylst oare talen farianten fan steppeswellesturtwilster of swartwjukswellesturtwilster hawwe? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 jan 2026, 00.22 (CET)Beäntwurdzje

@Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk:

  • Pennardraaffûgel (Rhinoptilus bitorquatus) - der is in mooglikheid foar in beskriuwende namme: readkieldraaffûgel (slút oan op 'e Sweedske namme).
  • savannedraaffûgel (Cursorius temminckii) - ferwiist nei it habitat fan 'e fûgel, de fûgel is minder in woastynfûgel as oare soarten en mear oan gerslân bûn; faaks is der in bettere beskriuwende namme (miskien wat mei syn waarme sânkleur) en oars kin ik my der ynearsten wol yn fine.
  • donkere swellesturtwilster (Glareola nordmanni) - swartwjukswellesturtwilster is lang, mar beskriuwt de swarte wjukken fan 'e fûgel hiel treffend.

@Ruurd Jorritsma: Ruurd, wolle jo ek noch eefkes nei it oerlis by de Readsnaffelrôlder sjen? Dan kin ik dêr fierder. --RomkeHoekstra (oerlis) 25 jan 2026, 07.15 (CET)Beäntwurdzje

@Ieneach fan 'e Esk@RomkeHoekstra Tankewol. - Pennardraaffûgel: Pennar is it ienige gebiet (yn Yndia) dêr't de fûgel noch foarkomt, mar ik haw gjin beswier tsjin readkieldraaffûgel. - savannedraaffûgel, fergelykber mei Noarsk en Sweedsk, 'temminckdraaffûgel' is okay as alternatyf (sjoch hjirûnder). - donkere swellesturtwilster: Dy namme ferskynde earne, ik wit net mear wêr; it is lykwols de tsjusterste; swartwjuk is ek prima.
By dizze gelegenheid wol ik twa frij algemiene saken besprekken: (1) eponymen (eigennammen) en (2) ynbêde nammen. (1) De nammen fan minsken soe ik graach safolle mooglik foarkomme. Dizze minsken binne faak tige respekteare ûndersikers, lykas ús eigen Temminck, mar oan 'e oare kant fan it spektrum binne wat twifeleftige persoanen, fan kolonisten oant regelrechte moardners, dy't it eigentlike fjildwurk troch oaren dwaan litten hawwe en de resultaten nei harsels, har leafsten of har bazen neamd hawwe. It probleem is dat wy net krekt witte wa't "goed" of "min" wie, en goed en min binne ek subjektive, tiidsôfhinklike konsepten. Boppedat krije se de eare faak al fia de wittenskiplike nammen, dy't mear of minder yn stien binne. Yn in protte talen wurde dizze eigennammen dêrom mijd of fuorthelle, lykas yn it Sweedsk, Noarsk, Finsk, Portugeesk en ferskate Slavyske talen; de Amerikanen wiene ek op dit spoar, hoewol har hearskers it no "te woke" sille beskôgje. (2) Mei in ynbêde (ynklusyve) namme bedoele wy in soartenamme dy't folslein yn 'e namme fan in oare soart opnommen is, bygelyks hjir 'tekenfoks'. Mei 'draaffûgel' witte jo net oft it ferwiist nei de spesifike soarte C. cursor of in net spesifisearre lid fan 'e groep fan ‘e draaffûgels (Cursorius sp.). Om dit te foarkommen, moatte jo de âlderlike soarte (hjir: C. cursor) ek in foarheaksel jaan (bygelyks 'woastyn'-). Foar âlderlike soarten dy't yn ús regio bekend binne (tomke, kob, iisfûgel, ensfh.), wolle jo dit fansels net, mar dêr't de hiele groep of famylje hjir ûnbekend is - en de namme dêrom faak in neologisme is - moat it miskien (faker) brûkt wurde. It Ingelsk docht dit konsekwint, mar de measte oare talen net. Wat tinke jo? Ruurd Jorritsma (oerlis) 25 jan 2026, 13.21 (CET)Beäntwurdzje

@Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: Dat bin ik mei jo iens, leaver gjin eigennammen fan ûndersikers/beskriuwers of wa dan ek yn in fûgeltsjenamme. Noch los fan 'e statuer fan dy minsken, ik fyn dat de bûtenlânske nammen faak net kombinearje mei in Fryske namme. It docht altiten wat opdwaanderich oan. Myn foarkar giet út nei in beskriuwende namme en oars kin ek de krite, it habitat of it hâlden en dragen fan 'e fûgel (lykas de rôlder) in help wêze. Wat it twadde diel oanbelanget, dêr ha ik eins gjin miening oer. Oant no ta ha ik dat net dien en as jo dat konsekwint dwaan wolle, dan sil alles wer neirûn wurde moatte. Om my hoecht dat net. --RomkeHoekstra (oerlis) 25 jan 2026, 15.06 (CET)Beäntwurdzje

@RomkeHoekstra. oer it earste punt, tank. Oangeande it twadde: ik stel perfoarst net foar om al ôfhannele gefallen te feroarjen; mar miskien kinne wy ​​dit yn gedachten hâlde foar groepen dy't noch work nedich hawwe. Ruurd Jorritsma (oerlis) 25 jan 2026, 16.16 (CET)Beäntwurdzje

@RomkeHoekstra en Ruurd Jorritsma: Ik bin akkoart mei Pennardraaffûgel en savannedraaffûgel, hoewol't ik fyn dat wy derom tinke moatte dat wy sa deun mooglik by de Nederlânske nammen bliuwe. Want as in Fries oer sokke fûgels skriuwt of dernei siket, sil er neffens my oer it algemien as fansels in oersetting fan 'e Nederlânske namme brûke. Yn elts gefal soe dus op 'e Wikipedy de Fryske oersetting fan 'e Nederlânske fûgelnamme altyd in trochwizing wurde moatte. Yn dat ferbân bin ik in foarstanner fan it oernimmen fan 'e namme 'steppeswellesturtwilster' foar wat Ruurd de 'donkere swellesturtwilster' neamd hat, mei't er briedt op 'e steppe fan súdeastlik Jeropa en noardlik Kazachstan. Dus dy namme liket my neat mis mei.

Wat eponimen oangiet, dêr bin ik ek net sa'n foarstanner fan, mar net om 'e redens dy't Ruurd hjirboppe neamt. Persoanlik fyn ik net dat dingen dy't sokke nammejouwers misdien hawwe har automatysk diskwalifisearje om in bist nei harren ferneamd te hawwen. Dat moat fansels net ta de spuigatten útrinne; as der in fûgel nei Hitler neamd wie, soe ik wol foarstanner fan nammeferoaring wêze. Mar yn 'e Feriene Steaten wiene se oant koartby eltsenien oant skrassen dy't ea slaven besitten hie. No, dat wiene yn 'e achttjinde en iere njoggentjinde iuw hast alle blanken. Mar it foel my op dat se net fan doel wiene om Washington, D.C. fan namme te feroarjen wylst George Washington ek in slavehâlder wie. Dat fyn ik dan wol wer ynkonsekwint en skynhillich. Hoe dan ek, ik fyn eponimen gewoan estetysk net sa moai en se sizze ek hielendal neat oer it bist sels (binne net beskriuwend). Dêrom haw ik se ek leaver net, hoewol't ik tajaan moat dat se foar fossile soarten wol in útkomst wêze kinne. Mar as der in oare namme foar hannen is, bgl. út in oare taal, dy't oerset wurde kin: bêst genôch. Ik bin der allinnich wat huverich foar om sels út it neat wei nammen op te tinken.

Wat betreft de ynbêde nammen: dat hoecht net sa'n grut probleem te wêzen. Yn it foarste plak blykt yn 'e regel wol út 'e kontekst wat der bedoeld wurdt. Oard haw ik mysels de gewoante eigen makke om by it neamen fan in soartenamme even tusken heakjes de wittenskiplike namme ta te foegjen, dan kin der alhiel nea betizing ûntstean. Nettsjinsteande dat bin ik mei jo iens, Ruurd, dat sokke sitewaasjes better foarôf al foarkomd wurde kinne, mar dêr hoege wy gjin nije nammen foar te betinken. It folstiet neffens my om by sa'n fûgel de tafoeging "gewoane" foar de namme te pleatsen, dus yn dit gefal soe de swellesturtwilster (Glareola pratincola) dan de gewoane swellesturtwilster wurde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 jan 2026, 12.37 (CET)Beäntwurdzje

@Ieneach fan 'e Esk@RomkeHoekstra: Foar in part binne wy it dus iens oer de eponimen, mei ferskillende arguminten. Ik haw temminckdraaffûgel tafoege as alternatyf, en 'gewoane' tusken heakjes. Jo suggestjes foar steppeswellesturtwilster en readkieldraaffûgel haw ik ek folge; Pennar is wol in goede, mar om't it nergens oars brûkt wurdt, moatte wy it ek mar net brûke. Ruurd Jorritsma (oerlis) 27 jan 2026, 14.28 (CET)Beäntwurdzje
@Ruurd Jorritsma en RomkeHoekstra: Bêst genôch. Dan binne we derút. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 jan 2026, 16.04 (CET)Beäntwurdzje