Springe nei ynhâld

Oerlis:Strewelmosken

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 14 deien lyn troch Ieneach fan 'e Esk

@RomkeHoekstra: Goeie. Neffens Frysker wurdt 'strewel' in gearstalde wurden 'strewelle'. Drewes (oerlis) 29 jan 2026, 16.39 (CET)Beäntwurdzje

@Drewes, Ruurd Jorritsma, en Ieneach fan 'e Esk: De nammen binne oernommen fan moskfûgels. Alles omsette nei strewellemosken (of om koarter te hâlden strûkmosken?) -- RomkeHoekstra
@RomkeHoekstra, Ruurd Jorritsma, en Drewes: Hmm. Ik bin der net fan oertsjûge dat de ôfkoarte foarm "strewel-" echt fout is. Ik bedoel: yn oare wurden falt de stimleaze e oan 'e wurdein soms ek fuort, bgl. "kroadfol", fan "kroade", of "molkflesse", fan "molke". Mar der is ek neat op tsjin om it folút te skriuwen. Ik haw gjin sterke foarkar foar ien fan beide foarmen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 jan 2026, 00.52 (CET)Beäntwurdzje
@Drewes, Ruurd Jorritsma, en Ieneach fan 'e Esk: Ik ek net. Kin ik der fanút gien dat wy it sa litte kinne? Dan kin ik fierder mei de oare twa.--RomkeHoekstra (oerlis) 30 jan 2026, 19.01 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Fan my ja. Ruurd Jorritsma (oerlis) 30 jan 2026, 23.09 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Om my hoecht it net feroare te wurden. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 31 jan 2026, 00.14 (CET)Beäntwurdzje