Springe nei ynhâld

Oerlis:Streekte goudspanner

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 3 moannen lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Gestreept

Gestreept

[boarne bewurkje]

@RomkeHoekstra: Goeie. Soe 'strepe' net 'streekte'wurde moatte? Sjoch Frysker. Drewes (oerlis) 28 mai 2026, 20.07 (CEST)Beäntwurdzje

@Drewes: Dat bin ik mei jo iens en dat ha ik ek yn my omgean litten, allinnich: de namme stiet sa yn 'e Fryske natoergids Nachtflinters fan Sake P. Roodbergen (s 71) en dêr ha ik my mar by oansluten. --RomkeHoekstra (oerlis) 28 mai 2026, 20.13 (CEST)Beäntwurdzje
@Drewes en RomkeHoekstra: Hmm. Ik haw dy boekjes fan Roodbergen ek. Ik fyn it hartstikkene moai dat der sokke Frysktalige natoergidsen besteane. Mar Roodbergen brûkt wol in foarm fan it Frysk dy't mear nei de sprektaal oerhinget as nei wat de skriuwtaal neffens de wurdboeken heart te wêzen. Dat sil wol bedoeld wêze om ek lju oan te sprekken dy't net botte thús binne yn it skreaune Frysk. Sa hat er ek in boekje dat "Kevers" hjit, wylst dat wurd yn it Frysk net foarkomt (moat "toarren" wêze). Ik fyn eins dat we sokke nammen dochs mar ferbetterje moatte. Ik bedoel: as it no om ien gefal gie, mar it is struktureel by Roodbergen. Sa komme we aansten mei alderhanne ferhollânske ynsektenammen te sitten. We soene it sa dwaan kinne:
"De streekte goudspanner (Camtogramma bilineata), yn 'e natoergids Nachtflinters fan Sake P. Roodbergen strepe goudspanner neamd, is in nachtflinter dy't ..."
Wat tinkt jimme dêrfan? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 mai 2026, 00.38 (CEST)Beäntwurdzje
@Drewes en Ieneach fan 'e Esk: Is it dan streke of streekte of kin it beide? --RomkeHoekstra (oerlis) 29 mai 2026, 08.17 (CEST)Beäntwurdzje
Bêst genoch. Drewes (oerlis) 29 mai 2026, 16.58 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Neffens myn wurdboek mei it beide. Ik tink dat de "streekte goudspanner" tichter by it taalgefoel fan 'e measte minsken stiet as de "streke goudspanner". Mar as jo leaver "streke" brûke wolle, is dêr dus neat op tsjin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 mai 2026, 00.21 (CEST)Beäntwurdzje