Oerlis:Steatsk
Nij mêdAppearance
Lêste reäksje: 9 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk
Koart troch de bocht? Drewes (oerlis) 12 sep 2016, 18.31 (CEST)
- Fyn ik net. "Steatsk" is it eigenskipswurd dat by de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen heart, en it liket my ferrekte noflik as je dat net hieltyd hoege út te skriuwen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 sep 2016, 21.56 (CEST)
- Dat it is gjin eigenskipswurd fan oare steaten, Steaten fan Fryslân en sa? Drewes (oerlis) 12 sep 2016, 22.12 (CEST)
- Nee, dêr wurdt it by myn witten net foar brûkt, alteast net sûnder dat dat dúdlik oanjûn wurdt yn 'e kontekst. De oantsjutting "Steatsk" sûnder mear slacht altyd op 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen as gehiel. Dêrby giet it yn 'e regel om it Steatske leger. It sil wol ôflaat wêze fan Steaten-Generaal, tink. Dy hiene it úteinlik yn 'e Republyk foar it sizzen.
- De iennichste oare betsjutting dy't ik betinke kin, is de it "steatsk ûnderwiis", dêr't ús mem it dan wol oer hat; dêr bedoelt se it iepenbier ûnderwiis mei (yn tsjinstelling ta it kristlik/bysûnder ûnderwiis). Sa waard dat yn har tiid neamd, mar neffens my is dat al lang gjin gongbere term mear. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 sep 2016, 23.15 (CEST)
- Dat it is gjin eigenskipswurd fan oare steaten, Steaten fan Fryslân en sa? Drewes (oerlis) 12 sep 2016, 22.12 (CEST)