Oerlis:Skyrinnen

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Juster hienen wy it oer hynsteride/hynsteriden. Wat is konsekwint: it hynsteriden of it tiidwurd hynsteride. Soks hawwe wy hjir ek by de ein: Skirinne/skyrinnen., Kees

inderdaad, Mar sels mei wurdboeken en staveringshifkers ha je it wol ris ferkeard sa ek dizze kear dus. Skyrinne klinkt folle better as Langlaufe. Sa as ik it earst dien hie, Skyrinne/Skyrinnen ik wit it net we moatte mar it selde oan sjen te hâlden as we ek by de oare sporten dien hawwe. --Wikiice 8 apr 2010, 08.23 (CEST)Reply[beäntwurdzje]
Wat de n oan de ein fan de lemmanamme oangiet: Der binne net in protte Frysktalige ensyklopedyen, dat ik wit net at der foarbylden binne foar it ien of it oar. Jimme soenen it Taalburo fan de Fryske Akkedeemje ris freegje kinne. Yn harren publikaasjes komme út en troch rychjes fan begripen foar, dat dêr is de kar dan ek makke. Aliter 9 apr 2010, 20.57 (CEST)Reply[beäntwurdzje]
De fraach is dellein by it Taalburo.--Swarte Kees 9 apr 2010, 21.23 (CEST)Reply[beäntwurdzje]
Reaksje Taalburo (Hindrik Sijens):De sport as haadwurd wurdt beskreaun en net it 'dwaan oan de sport'. Wurdt de sport beskreaun, dan it haadwurd. Fgl. Fr.Wikipedia keatsen; Ned.Wiki zwemmen. By Fr.Wikipedia iishokky is wol dúdlik dat de kar foar it haadwurd in goeden is. As it dwaan oan de sport, de aktiviteit beskreaun wurdt, dan leit it foar de hân om it tiidwurd te brûken. De wurdboeken kieze dêr it meast foar.,--Swarte Kees 13 apr 2010, 16.51 (CEST)Reply[beäntwurdzje]