Oerlis:Skimkers
Nij mêdAppearance
Lêste reäksje: 2 moannen lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Skimkers
Skimkers
[boarne bewurkje]@Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: Hjir wer in namme dêr't ik twifels oer ha. De namme liket my in ferkearde oersetting fan 'e Ingelske fûgelnamme skimmer. Dy Ingelske fûgelnamme skimmer komt fan it tiidwurd "to skim" (yn 'e betsjutting fan "oer it wetter skeare"). Ik tink dat it sa oernommen is mei de útgong -ker om it wat Frysker te meitsjen. Sels soe ik de foarkar jaan oan de skaainamme skjirrestirnzen. Sa bliuwt it dúdlik dat it in stirnseftige fûgel is en it is in ferwizing nei de snaffel en de wize fan jeien. Wat tinkt jimme? RomkeHoekstra (oerlis) 8 nov 2025, 09.36 (CET)
- @RomkeHoekstra: Even los fan de fraach oft it de bêste namme is, mar "skimkers" is wol geef Frysk. Yn it Frysk Hânwurdboek, s. 1778: "skimkje [ˈskɪmkjə] (tw. skimke, skimke), oer it wetter dûnsje of skeare." Dus no jo wer. Wolle jo de namme mei dizze nije ynformaasje noch hieltyd feroarje? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 nov 2025, 22.47 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk en Ruurd Jorritsma:. Nee, ik ha noch nea fan it wurd heart en ik sit op it stuit yn Dútslân sûnder wurdboek, mar yn dat gefal past de namme tige goed en is der gjin reden om wat te feroarjen. Ik meitsje yn 'e tekst in ferwizing nei de betsjutting fan skimkje, sadat it foar elk dúdlik is hoe't dy namme ûntstie. Tige tank. --RomkeHoekstra (oerlis) 9 nov 2025, 08.37 (CET)
- @RomkeHoekstra: Gjin probleem. It wie in lytse muoite. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 nov 2025, 21.15 (CET)