Oerlis:Sjauffeur

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

'Fiertúch' en 'fiertugen', wat binne dat? Drewes (oerlis) 2 des 2019, 22.15 (CET)[beäntwurdzje]

Tsja, neffens de F.A. besteane dizze folslein ynboargere wurden net. Wat moatte je dêr no mei? It Nederlânsk-Frysk Wurdboek jout by voertuig "reau". Dat is fansels allinnich mar te brûken as je rijtuig bedoele. It begyp earlik sein net wat der mis is mei "fiertúch" as "fleantúch" en "fartúch" wol yn alle wurdboeken steane. We soene der eventueel "fuortúch" fan meitsje kinne nei analogy fan "fuorman"/voerman, mar dat stiet ek net yn 'e wurdboeken en dat haw ik noch nea ien sizzen heard. Dat salang't de F.A. net mei in brûkber alternatyf op 'e lapen komt, sille we dochs "fiertúch" brûke moatte, tink ik. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 des 2019, 22.34 (CET)[beäntwurdzje]
Ik kin jo folgje, lit 'fiertúch' mar stean, hoewol't ik dat ek noch nea ien sizzen heard ha. Reau is lykwols net allinne 'rydtúch', mar voertuig yn in bredere betsjutting. Drewes (oerlis) 3 des 2019, 16.48 (CET)[beäntwurdzje]