Oerlis:Sina

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ferhâlding tusken de lannen[boarne bewurkje]

Meidogger:Steve-Mtl hat fansels gelyk at er oanjout dat de fehâlding oars leit as wat der ornaris sein wurdt. Ik soe lykwols sizze dat de deistige oantsjutting hjir wichtiger binne as de formele. At wy dit al dwaan soenen, dan moat dat al oars as wat der no dien wie, om't wy dan achtsje moatte op it ûntstean fan de Folksrepublyk. Wy wolle fansels net skriuwe dat immen om 1900 hinne berne waard yn de folksrepublyk, of datsoarte fan flaters. Dat is hoe ek de fraach dy't hjir út komt:

Wêr komt de skiednis fan Sina?

Ik soe sizze dat wy dy gewoan op de Sina-side skriuwe kinne, krekt as by oare staten dy't letter in republyk wurden binne. Foar in side Folksrepublyk Sina wie ik dêr minder wis fan. Noch in reden om it te hâlden sa't it wie. Al haw ik, lykas by Fryslân, oanjûn dat de meast-brükte betsjutting net de ienigste is. Aliter 24 mai 2007, 04.15 (CEST)[beäntwurdzje]

Oare lannen in Sina?[boarne bewurkje]

Der stiet no dat it lânskip fan Fiet Nam ensafh. yn Sina leit. Dat liket my net, mar hoe is it al? Mysha (talk)

Hoefolle gemeenten[boarne bewurkje]

No sizze wy dat it lân mar fjouwer gemeenten hat. Grif is dat oars miend, mar wat moat der dan stean? Mysha (oerlis)