Oerlis:Súdeast-Ingelân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

@RomkeHoekstra en Ieneach fan 'e Esk: Ik stel foar om de nammen fan de Ingelske regio's yn't Frysk oer te setten. Is net ferfjemdzjend dat kin bêst wol. Drewes (oerlis) 13 feb 2019, 21.08 (CET)

Dêr bin ik in foarstanner fan. Ik stel foar om de nammen te brûken sa't ik dy ûnder it kaartsje op 'e side Regio's fan Ingelân oanpast haw. Jo kinne yn it Frysk net skriuwe "Noard West Ingelân"; North West England wurdt yn 'e Fryske stavering skreaun as "Noardwest-Ingelân". Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 feb 2019, 23.25 (CET)
Bêst genôch, mar yn in soad artikels komt de Ingelske namme al foar, is it mooglik om dan in trochferwizing te meitsjen?--RomkeHoekstra (oerlis) 14 feb 2019, 08.07 (CET)
@RomkeHoekstra: Jawis, as we de side omneame wurdt der automatysk in trochwizing oanmakke. (En as dat net sa wie, dan moast yn dizze gefallen sa'n trochwizing der likegoed komme, dat bin ik 100% mei jo iens, mar dêr hoege we ús dus net om te bekroadzjen, want dat gebeurt automatysk.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 feb 2019, 21.40 (CET)