Springe nei ynhâld

Oerlis:Reagerfûgels

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 7 deien lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Nammen Butorides striata/Butorides atricapilla

Nammen Butorides striata/Butorides atricapilla

[boarne bewurkje]

@Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: Hjir stiet de Butorides striata as mangrovereiger (yn it Ned.: Amerikaanske mangrovereager). In fjirde soarte yn it skaai wurdt hjir troch taksonomyske ôfsplitsing yn 2023 net fermeld. De hjir net-fermelde Butorides atricapilla hjit yn it Ned. en Sweedsk mangrovereager. Ik gean ynearsten eefkes fierder mei de striata as de Súdamerikaanske mangrovereager (ferspriedingsgebiet leit hast folslein yn Súd-Amearika) en de atricapilla as mangrovereager. As jimme dat sa net nei it sin is, kin dat wol wer feroare wurde. RomkeHoekstra (oerlis) 2 feb 2026, 11.52 (CET)Beäntwurdzje

@RomkeHoekstra @Ieneach fan 'e Esk De skieding fan atricapilla fan striata fûn ferline jier plak. It IOC (Peter Vercruijsse) hat foar it Nederlânsk "mangrovereiger" en "Amerikaanse mangrovereiger" makke; eBird/Birdsoftheworld (ik) "mangrovereiger" en "gestreepte reiger"; it neidiel fan 'e IOC-nammen is dat de iene yn 'e oare ynbêde is; atricapilla moat dan Afroazyatiske m. of soksawat hjitte. De nammen fan eBird komme oerien mei dy 't yn it Ingelsk, Frânsk, Sweedsk en oare talen. Foar it Frysk stel ik analooch "mangrovereager" en "streekte (of streke) reager" foar. Iens? Ruurd Jorritsma (oerlis) 2 feb 2026, 12.38 (CET)Beäntwurdzje
@Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: Ik bin it dêr wol mei iens. Streke reager foar de striata en mangrovereager foar de atricapilla. Ieneach, kinne jo jo der ek yn fine? --RomkeHoekstra (oerlis) 2 feb 2026, 19.36 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra en Ruurd Jorritsma: Ik kin jim riddenearring yn dizzen net folgje. No wolle jim de soarte (B. striata) omneame dy't al in ûnderskiedende namme hie. Ik tocht dat it probleem no krekt wie dat B. atricapilla (mangrovereager) in namme hie dy't net ûnderskiedend genôch is. Kinne we dan net better fan B. atricapilla "swartkopmangrovereager" meitsje? Dat is de oersetting fan atricapillus (fan ater: Latyn foar "swart," spesifyk ferwizend nei in net-glânzgjend swart, en capillus: Latyn foar "hier" of "hollehier"). Dan kin B. striata gewoan de Amerikaanske mangrovereager bliuwe. Of oars kinne we B. atricapilla de gewoane mangrovereager neame en B. striata de Amerikaanske mangrovereager. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 feb 2026, 00.51 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk en @RomkeHoekstra: It kin allegear, en der is gjin ideale oplossing. Fan 'e 21 ûndersoarten fan striata binne der 20 ôfsplitst as atricapilla, en striata bliuwt in monotypyske soarte. De 20 fan atricapilla binne ek ferdield yn 5-6 groepen, wat kin liede ta fierdere splitsingen yn 'e takomst. De koppen fan 'e atricapilla's binne net merkber swarter as dy fan striata. Yn oare talen is de oanpak frij willekeurich west - en sûnder oerlis. Dêrtroch stiet mangrove- soms foar striata, soms foar atricapilla. "De" Nederlânske namme (sa't er yn nl.wikipedia stiet en fan 'e IOC-list komt) is ek gewoan de útfining fan ien of twa minsken. Dus hoe hakke wy dizze knoop troch? Ruurd Jorritsma (oerlis) 3 feb 2026, 12.36 (CET)Beäntwurdzje
@Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: Wy kinne it om my ek litte sa't it no is. Dus de striata as de Súdamerikaanske mangrovereager en de atricapilla as mangrovereager.--RomkeHoekstra (oerlis) 3 feb 2026, 15.16 (CET).Beäntwurdzje
Okee dan. Mar doch my in geunst en neam streke reager as in twadde namme foar striata Ruurd Jorritsma (oerlis) 3 feb 2026, 22.01 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra en Ruurd Jorritsma: Dat kin om my ek. Mar om even werom te kommen op myn suggestje fan swartkopmangrovereager: it giet my der net om dat dy in swarte kop hat, mar dat er yn it Latyn dochs al sa hjit. Dan makket it neat út oft B. striata ek in swarte kop hat of net. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 feb 2026, 00.47 (CET)Beäntwurdzje