Oerlis:Readsnaffelrôlder
Nij mêdDollarrôlder?
[boarne bewurkje]@Ieneach fan 'e Esk en Ruurd Jorritsma: Ik ha by de beskriuwing fan 'e Eurystomus orientalis de fûgel in oare namme jûn as dollarrôlder, sa't dy by de famylje fermeld stiet. De namme komt út it Ingelsk en is yn dy taal jûn om't - neffens de gongbere útlis - it wite plak op 'e wjukken tinken docht oan in dollarmunt. Ik fyn de dollar as net-eigen referinsjepunt foar in Fryske fûgelnamme frjemd oandwaan en dy útlis boppedat hiel fier socht, want it giet hielendal net om in rûn plak. Fanwegen syn reade snaffel ha'k de fûgel dêrom de namme readsnaffelrôlder neamd, sa't der yn it skaai ek in gielsnaffelrôlder is. As jimme beswier ha hear ik it wol. Ik wachtsje eefkes jimme reaksje ôf foar it oanpassen fan 'e namme op de oare plakken. RomkeHoekstra (oerlis) 23 jan 2026, 09.57 (CET)
- @RomkeHoekstra: Ik fyn dollarvogel ek wat in aparte namme en kin jo gedachtegong folgje. Gjin beswier. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 jan 2026, 23.19 (CET)
- Hielendal iens! Readsnaffel folle better as dollar (ek foar nl) Ruurd Jorritsma (oerlis) 25 jan 2026, 10.39 (CET)