Oerlis:Rôlderfûgels
Nij mêdAppearance
Lêste reäksje: 27 deien lyn troch RomkeHoekstra by it ûnderwerp famyljenamme.
famyljenamme.
[boarne bewurkje]@Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: Ik ha de side lykas by famyljes wenst omneamd nei rolderfûgels en it skaai Coracias de namme rôlders jûn. Fierder eefkes twa nammen: Coracias naevius – Pearse rôlder en de Coracias temminckii – Sulawesirôlder. De Coracias naevius is net pears, earder readbrún, tink dat oansluting by de Nederlânske namme yn dit gefal better is. En by wikipedy wurdt Sûlawezy Selebes neamd, is dan Selebesrôlder net konsekwinter?RomkeHoekstra (oerlis) 20 jan 2026, 11.53 (CET)
- @RomkeHoekstra. Beide nammen binne problematysk. Naevia is yndied net echt pears, miskien mear poarper. Syn kroan is ek net echt read. De meast foarkommende nammen yn oare talen binne "streekt", "bûnt" en "grut" (it is sawat de grutste rôlder). Sulawesi - Selebes is te fergelykjen mei Iran - Perzje, SryLanka - Seilon, ensfh. Brûke jo de âlde bekende (koloniale?) namme of de modernere (ynterne) namme? Koartlyn binne by IOC alle Nederlânske nammen foar selebes-fûgels "sulawesi" wurden. Is dat in argumint? Ruurd Jorritsma (oerlis) 20 jan 2026, 23.59 (CET)
- @RomkeHoekstra en Ruurd Jorritsma: Feroaring fan 'e famyljenamme: poerbêst. Wat de namme fan C. naevius oangiet, bin ik foar it oersetten fan 'e Nederlânske namme, dan soe it "readkrúnrôlder" wurde. Dat de kleur net felread is, liket my net daliks in reden om dy namme ôf te wizen.
- Wat Selebes oangiet, dat is gjin koloniale namme, mar de Frysktalige foarm fan it toponym, en op 'e Fryske Wikipedy moatte wy de Fryske namme brûke, fyn ik. Sulawesi is presys itselde wurd as "Selebes", mar dan yn it Yndonezysk. Dat kinne jo ek wol sjen: de w en b komme oerien (dat binne besibbe klanken) en as jo de fokalen, dy't altyd sterk oan klankferskowings ûnderhevich binne, bûten beskôging litte, stiet der krekt itselde: S-l-b/w-s, wêrby't it Yndonezysk der dan noch in lêste fokaal efteroan heakket. Of miskien moat ik sizze: dy is der yn it Nederlânsk/Frysk efterwei fallen. It is itselde ferskil as Sumatra en Sumatera en Java en Jawa, sa't dy eilannen yn it Yndonezysk hjitte, en wy skriuwe ek net fan Sumatera en Jawa. By de foarbylden dy't Ruurd Jorritsma hjirboppe jout (Iraan-Perzje, Sry Lanka-Seylon) giet it om totaal oare sitewaasjes, dêr't we yndie te krijen hawwe mei twa folslein ferskillende nammen. It is wier dat der yn it Nederlânsk in beweging bestiet nei Sulawesi ta. Dêr fernuverje ik my altyd oer, want by Java en Sumatra brûke se wol altyd de "âlde" nammen. It sil wol wêze dat Sulawesi net werkend wurdt as in oars-talige foarm fan itselde wurd as Selebes. Is dat Nederlanners nuvere dingen dogge in argumint foar ús om dat ek te dwaan? Ik fyn fan net. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 jan 2026, 01.30 (CET)
- Persoanlik fyn ik de Coracias naevius in dreech gefal. Ruurd skriuwt poarper, Ieneach read, dan soe poarperreade rôlder faaks ek in mooglikheid wêze, dy kleur komt hiel ticht by de fûgel en docht oan beide kleurbelevingen rjocht. Miskien komt der noch wat betters of ha jimme noch oare ideeën. Wat Selebes oanbelanget, dêr slút ik my by Ieneach oan. By ús yn Fryslân binne de plaknammen feroare, mar de Nederlânske wikipedy bliuwt gewoan de Nederlânske nammen brûken. Hindert neat en it is de Nederlânske namme dus dêr is in soad foar te sizzen, mar hiel konsekwint is it net as se dat dan foar bûtenlânske feroaringen wol dogge. --RomkeHoekstra oerlis) 21 jan 2026, 08.36 (CET)
- @RomkeHoekstra@Ieneach fan 'e Esk: Angeande Selebes binne wy it iens: As it Frysk konsekwint dizze stavering kiest, dan is dat it. Naevius bliuwt dreech; ik kin libje mei readkrún- ek al is it net ideaal (mear brún of rôze), itselde jildt foar poarperreade (of poarper-, as yn it Ingelsk); oare opsjes binne ek net perfekt. Dus, moatte wy mei readkrún gean? Krekt op 'e tiid om dat ek oan te passen yn 'e kommende Avionary-update. Ruurd Jorritsma (oerlis) 21 jan 2026, 12.34 (CET)
- @Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: Oanpast: Coracias naevius: readkrúnrôlder, Coracias temminckii: Selebesrôlder.--RomkeHoekstra (oerlis) 21 jan 2026, 17.13 (CET)