Oerlis:Postsegelsammeljen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Faaks dat "filately" in bettere titel foar dizze side is. Ieneach fan 'e Esk (talk) 4 jun 2013, 17.54 (CEST)

Mar at wy fêsthâlde oan it útgongspunt dat wy leafst de Fryske wurden as haadwurd hawwe, net de frjemde, dan wie postsegelsammeljen ek mûglik. Aliter (talk) 4 jun 2013, 21.46 (CEST)
Dêrmei ymplisearjend dat "filately" gjin Frysk wurd wêze soe. Hoe krije jo dat yn 'e plasse? It stiet yn alle Fryske wurdboeken. As jo sa wolle, dan kinne wy fansels gjin wurd mear brûke. "Keatse", "kâns", "perfoarst", "argewaasje" ensfh. binne allegear fan oarsprong lienwurden út frjemde talen. Ieneach fan 'e Esk (talk) 5 jun 2013, 17.11 (CEST)