Oerlis:Plan E (spoarweireau)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Achte meidoggers, soene we better "reau" brûke yn pleats fann "rydtúch"? Se binne beide geef-Frysk, mar Frysker.nl jout "reau" as foarkar fan de oersetting fan "rijtuig". Sels jou ik de foarkar oan "reau". Wat sizze jimme? --Kneppelfreed (oerlis) 10 jan 2022, 20.03 (CET)[beäntwurdzje]

Spoar(wei)reau soe goed kinne. Drewes (oerlis) 10 jan 2022, 21.41 (CET)[beäntwurdzje]
We ha dizze diskusje no op twa plakken. Oerlis:Mat '24. As kop fan dit artikel oer de Plan E. soe it noch net sa dreech lêze. mar ik ha it wurdt reau probearre yn it artikel Mat '24 en dêr brúts ik hast myn tong oer. it moat wol lêsber bliuwe. FreyaSport (oerlis) 11 jan 2022, 08.33 (CET)[beäntwurdzje]
@FreyaSport: Ik bin it mei jo iens, it moat net ferfrjemdzjend wurkje en lêsber bliuwe. Faaks kin reau hjir en dêr wol yn de tekst opnommen wurde, stikje Frysk ûnderrjocht. Drewes (oerlis) 11 jan 2022, 16.30 (CET)[beäntwurdzje]
Ik fyn, as it beide goed Frysk is, kin eltsenien sels beslute hokker wurd er leaver brûkt. It lêste punt dat Drewes hjir makket, om "reau" by wize fan in stikje taalopfieding hjir en dêr troch de tekst te siedzjen as "rydtúch" it meast brûkt wurdt, dat fyn ik wol in hiel oantreklik idee, moat ik sizze. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 jan 2022, 22.16 (CET)[beäntwurdzje]