Oerlis:Oradea

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Minderheden[boarne bewurkje]

Wat dogge wy oan dy list. By stêden dêr't wy allinnich persintaazjes hienen, wie dit gjin grut probleem, mar mei trij kolommen sûnder rjochtsjen koe it lesberder. Moat dit in tabel wurde? In skiifgrafyk? Noch wat oars?

(Leaver Etnyske groepen, of wat oars dêr't de Roemenen ek byhearre.)

Aliter 20.26, 12 jul 2006 (CEST)

In skiifgrafyk soe moai wêze. Hoe meitsje ik sa'n apperaat? At dat tefolle wurk is, kinne wy de eksakte sifers ek fuort litte.
Etnyske groepen is inderdaad better, al docht my dat fuort op de ien of't oare manier oan de Joegoslaavjekriich tinken. Mar in better kopke haw ik ek net.
Groetnis, Swartehenkie.

Ik nim oan der is sêftguod foar it meitsjen fan skiifgrafyken, dy't hjir dan as ôfbyld tafoege wurde kinne. Wy hawwe al mear soksoarte grafiken. Foar it kopke koe oars faaks Befolkingsgroepen. It is wat rommer, mar dit heart der ek ta. Aliter 23.29, 12 jul 2006 (CEST)

Oare nammen[boarne bewurkje]

Dy tafoegings yn oare talen, drekt efter de titel, dêr binne wy eins mei begûn om oan te jaan of de namme dy't wy brûke offisjeel is, as net. Wat is hjir de status fan dy Dútske en Hongaarske namme? Aliter 23.52, 12 jul 2006 (CEST)