Oerlis:Oblast

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Kneppelfreed: Goeie. Even in puntsje oer stavering. Jo skriuwe no ferskate kearen fan "Ukraïne" en ek fan "Uzbeken" en "Jûgoslaavje". De juste Fryske stavering is lykwols "Oekraïne" en "Oezbeken" en "Joegoslaavje". Net alle û-klanken yn bûtenlânske toponimen wurde mei in u-kapke skreaun. Ik bin foar de wissichheid noch even te rie gien by Frysker, mar dêr hawwe se noch nea fan "Ukraïne" heard. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 mai 2022, 03.09 (CEST)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk:, goeie. Okee, ik miende op ien of oare reden dat beide foarmen wol koene. Ik hie begrepen dat de FA net echt in belied hie oangeande bûtenlânske nammen, mar in foarkar joech om sa ticht mooglik by de Hollânske te bliuwen. Ik hie op Frysker ek even sjoen, mar doe't ik "Oekraïne" yntypte, koe er ek neat fine. Hy joech lykwols wol "Joegoslavië" oan. Mar ja, goed dat jo my der even op oanwize. Dy û/oe kwestje bliuwt lykwols in tizeboel. It hie ommers, doe't se de stavering yn 2015 oanpasten, dochs folle makliker west alle koarte lûden mei û te skriuwen en it twa-lûd mei oe, lykas boer, doel, tsjoender, ensft. ynstee fan as it yn it Nederlânsk sa is, is it yn it Frysk ek sa. Foar in bûtenlanner it Frysk te learen is it betiizjend. Ik moast it even kwyt, want dêr haw ik wolris even argewaasje oan.
Fierders noch betanke foar jo help mei de ynfoboks fan Russyske dielgebieten. It woe my net alhiel slagje, mar no is it wol ynoarder.--Kneppelfreed (oerlis) 7 mai 2022, 04.53 (CEST)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed: Goeie. Gjin tank foar de help mei de ynfoboks. Dat doch ik graach. Ik seach jo oprop ("oan it omprutsen, dochs wol net slagje. Kin immen even helpe?") by it oanmeitsjen fan jo side Kaliningrad juster pas, dêr hie ik earder blykber oerhinne lêzen, oars hie ik jo wol earder eefkes hantlange. As jo der mei ynfoboksen net útkomme, meie jo my oars ek wol eefkes op myn oerlisside in seintsje jaan, hear. Dan kin it my teminsten net ûntgean. Ik wit der ek net alles fan, mar twa witte grif mear as ien.
Dan oer dy toponimen. Ik haw by Frysker de funksje "Hifkje" (soe neffens my eins "Hifkjen" wêze moatte, mar goed) oanklikt. As jo dan Ukraïne yntype en de stavering hifkje litte, set er der in reade streek ûnder om oan te jaan dat de stavering fan dit wurd net kloppet en jout er as mooglike goede staverings "Oekraïne" en "utrane" (wat dat ek wêze mei). Wat jo hjirboppe sizze oer de û/oe-stavering en dy sabeare staveringsferbettering fan 2015 is my út it hert grepen. Doe't ik jo stikje lies oer dat it "dochs folle makliker west [hie] alle koarte lûden mei û te skriuwen en it twa-lûd mei oe", tocht ik: O, wie it mar wier! Mar we sille it dermei dwaan moatte sa't it is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 mai 2022, 21.36 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk:, goeie as ik dus help nedich ha set ik it tenei even op jo oerlisside. Wat Frysker oanbelanget ik seach dus allinnich mar op de wurdboeken part. Ik hie net iens nei it hifkjen sjoen. Sil dêr tenei ek even better nei sjen. Gr. --Kneppelfreed (oerlis) 8 mai 2022, 02.45 (CEST)[beäntwurdzje]