Oerlis:Noddyfûgels
Nij mêdAppearance
Lêste reäksje: 2 moannen lyn troch Ruurd Jorritsma by it ûnderwerp wite noddy
wite noddy
[boarne bewurkje]De soarte Gygis alba wurdt yn it Nederlânsk wite noddy of opaalstern neamd. De namme noddy ferwiist nei it skaai Anous, dêr't dizze fûgel taksonomysk net ta heart. Om dy reden soe ik útstelle om de fûgel pearelstirns te neamen. RomkeHoekstra (oerlis) 29 okt 2025, 08.31 (CET)
- Liket my wol OK. De foarkarsnamme yn it NL is opaalstern. Ingelsk, Dútsk, Noarsk, Sweedsk esf hawwe ek it ekwivalint fan 'stirns'. Bisto dwaande mei de nammejouwing fan alle fûgels yn'e wrâld? Kinne wy hjer gearwurkje? Ruurd Jorritsma (oerlis) 29 okt 2025, 13.59 (CET)
- @RomkeHoekstra: Ik fyn it in logyske riddenearring. Ieneach fan 'e Esk}} (oerlis) 30 okt 2025, 01.40 (CET)
- @Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: Tank foar jimme reaksje. Ik bin net spesifyk mei de nammejouwing fan alle fûgels dwaande, mar skriuw wol oer de fûgels en dan komt soks fansels ek oan 'e oarder. Gearwurking poerbêst, mar dat dogge wy hjir al by Wikipedy, mar as jo mear ideeën ha Ruurd, dan stean ik dêr foar iepen.--RomkeHoekstra (oerlis) 30 okt 2025, 18.53 (CET)
- Avilist en eBird hawwe Gygis alba krekt yn trije soarten ferdield: G. alba (Atlantic White Tern: Atlantyske pearlstirns), G. candida (ynkl. leucopes, Blue-billed White Tern: blausnaffelpearelstirns of gewoane p.) en G. macrorhyncha (Little White Tern; lytse pearelstirns of Markesas-p.). Dus oanpasse? Ruurd Jorritsma (oerlis) 1 nov 2025, 17.44 (CET)
- @Ruurd Jorritsma: Dat kin by in beskriuwing fan it skaai dien wurde mei de opmerking dat in stúdzje sugerearret dat it skaai yn trije soarten ferdield wurde moat en dat noch net elkenien dy folget. Ik ha no ynearsten allinnich de pearelstirns beskreaun en dêr de opmerking makke dat der in stúdzje is, dy't oanlieding jout om it skaai op te dielen yn trije soarten. Dêrby ha ik in trochferwizing makke fan it skaai nei de soarte, om't dy oant no ta troch in soad noch as monotypysk behannele wurdt. Ik wol dat bêst oppakke, mar jo meie it skaai fansels ek beskriuwe. -RomkeHoekstra (oerlis) 2 nov 2025, 08.03 (CET)
- Oer in pear wiken sil ik jo in wrâldlist (wittenskiplik-en-nl) stjoere. Dan kinne wy der mei begjinne. Mei ik dêr in e-mailadres foar brûke? Ruurd Jorritsma (oerlis) 3 nov 2025, 16.10 (CET)
- @Ruurd Jorritsma: Wat bedoele jo mei "dan kinne wy der mei begjinne"? It is my net hielendal dúdlik wat jo krekt foar eagen ha. Wy kinne no ek wol oer fûgels skriuwe of fine jo dat der wat ferkeard giet en wolle jo earst in list meitsje mei alle Fryske nammen oan 'e hân fan dy list? --RomkeHoekstra (oerlis) 4 nov 2025, 08.56 (CET)
- It giet mear om koördinaasje. Wikipedia hat al in protte tûzenen fryske nammen foar de 11.000 fûgels yn 'e wrâld. Avionary.info hat der sa'n 2.500. Ik wol graach de ferskillen ferminderje en de tafoegings koördinearje. In wrâldwide list soe dêrby helpe kinne. Ruurd Jorritsma (oerlis) 4 nov 2025, 16.53 (CET)