Springe nei ynhâld

Oerlis:Njasadwerchpappegaai

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 8 moannen lyn troch RomkeHoekstra by it ûnderwerp Utlis omneamen

Utlis omneamen

[boarne bewurkje]

@RomkeHoekstra: Ik wol even útlizze wêrom't ik dizze side omneamd haw fan 'e Nyasadwerchpappegaai nei de Njasadwerchpappegaai. Dizze fûgel is, tink ik, ferneamd nei Njasalân, de koloniale namme fan Malawy, of oars nei de Njasa, in folk út dy kontreien dêr't de koloanje nei neamd wie. Yn it Ingelsk wurdt dy namme stavere as Nyasa, en yn it Nederlânsk wurdt dat klakkeleas oernommen, mar ik hie sa'n fermoeden dat dy y yn it Ingelsk eins in j-klank wie ynstee fan in fokaal. Ik haw no even op Wikidata nei Njasalân sjoen, en dat it Afrikaansk de namme fan dy koloanje staveret as Njassaland befêstiget myn fermoeden. Dus dan moat de namme fan dizze fûgel ek in j krije ynstee fan in y. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 feb 2026, 01.15 (CET)Beäntwurdzje

Poerbêst. Ik seach ek dat it Afrikaansk de namme as Njassa stavere en ha der noch eefkes oer nei tocht om it ek sa te dwaan of oars de Sweedske namme oer te nimmen (mar fûn dat eins ek net sa geskikt om't it bist ek bûten Malawy foarkomt). By eintsjebeslút de namme dochs mar oernommen fan it Nederlânsk. Mar ik kin my der sa hiel goed yn fine hear. RomkeHoekstra (oerlis) 10 feb 2026, 09.14 (CET)Beäntwurdzje