Oerlis:Nachtsweleftigen
Nij mêd@Ieneach fan 'e Esk @RomkeHoekstra: Goeie. Ik hear graach jimme mieningen oer de nammejouwing fan 'e nachtswellen. Alle soarten fan it skaai Caprimulgus wurde yn it foarstel "deisliepers" neamd (it meast foarkommende synonym, tegearre mei "nachtswellen" en "jûnsswellen"). Ik haw it skaai Antrostomus - dat eartiids ta Caprimulgus hearde en dêrom ticht by stiet - "Amerikaanske nachthawken" neamd. De oare (20 soarten, wêrfan 18 allinich yn Amearika) lykje better "nachtswellen" te neamen. Mei miskien ien útsûndering: it skaai Chordeiles, dat apart stiet binnen de famylje en eartiids in aparte ûnderfamylje wie. Yn it Ingelsk (Amerikaansk) wurde se Nighthawks neamd, folge troch û.o. Deensk, Noarsk, Afrikaansk (nathøg, nathauk, nagvalk), en de helte yn it Dútsk (Falkennachtschwalbe). Sa koenen se "nachtfalken" of "nachthauken" neamd wurde. Mar om't se - oars as oare nachtswellen/deisliepers - jûns/skimer aktiver binne as nachts, soe it besteande jûnsswel, of oars skimernachtswel, ek in mooglikheid wêze kinne. Wat tinke jo? Ruurd Jorritsma (oerlis) 31 jan 2026, 15.18 (CET)
- @Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: Ik fyn nachthauken in moaie namme. Se fleane fluch en manûfrearje wat rôffûgeleftich troch de loft. Al binne it gjin echt hauken, de namme ropt al in byld op en yn oare talen sit dy metafoar der ek yn. Jûnsswel fyn ik trouwens ek moai.--RomkeHoekstra (oerlis) 31 jan 2026, 19.10 (CET)
- @Ruurd Jorritsma en RomkeHoekstra: No, it liket sa net sa gek, wol 'k leauwe. Ik seach skreaudeislieper (Antrostomus vociferus) stean; moat dat ek krytdeislieper wurde, want schreeuwuilen wurdt yn it Frysk, miende ik, krytûlen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 feb 2026, 01.17 (CET)
- @Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: Ik slút by my Ieneach oan wat de Antrostomus vociferus oanbelanget. --RomkeHoekstra (oerlis) 1 feb 2026, 08.14 (CET)
- @RomkeHoekstra en @Ieneach fan 'e Esk: Tankewol. Wy neame Chordeiles-soarten "nachthauken", en ik meitsje fan A. vociferus "krytdeislieper". De Antrostomus-soarten binne Amerikaanske deisliepers, net A. nachthawken (flater boppe in oerlis). Ruurd Jorritsma (oerlis) 2 feb 2026, 12.53 (CET)