Oerlis:Miesfûgels
Nij mêdAppearance
Lêste reäksje: 4 moannen lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp namme famylje
namme famylje
[boarne bewurkje]@Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: Ik sjoch no dat de Remizidae hjir pongmiezen neamd wurde. Op Nederlânske Reade List fan fûgels en List fan fûgels is de Remiz pendulinus in pongmies. Mar dan wurdt de famylje by de moskeftigen en sjongfûgels bûdelmiesfûgels neamd. Persoanlik fyn ik pongmiezen better klinken as bûdelmiezen/bûdelmiesfûgels. Graach ek eefkes jimme miening. RomkeHoekstra (oerlis) 13 mai 2026, 08.12 (CEST)
- @RomkeHoekstra en @Ieneach fan 'e Esk: Ik bin sterk foar pongmies(ke), pongmiesfûgels ensfh. Bûdelmies is nei myn miening in barbarisme (hollandisme). Ruurd Jorritsma (oerlis) 13 mai 2026, 08.55 (CEST)
- @RomkeHoekstra en Ruurd Jorritsma: Ik slút my by Ruurd oan foar wat de foarkar foar pongmiezen en pongmiesfûgels oangiet. Om 'bûdelmies' in barbarisme te neamen fyn ik lykwols sjitten mei te swier geskut. It wurd "bûdel" op himsels is yn elts gefal neat mis mei, dat wol ik even dúdlik hawwe. Yn it Frysk Hanwurdboek wurdt de betsjutting dêrfan jûn as "sekfoarmige hûdploai by guon bisten dêr't de jongen yn meidroegen wurde". Semantysk soe "bûdel-" yn it gefal fan "bûdelmies" fout wêze kinne om't sokke fûgels fansels har piken net yn in hûdploai meidrage; ik nim oan dat it hjir om 'e foarm fan it nêst giet, dy't "as in bûdel" is. Oft dat ûnderskie "bûdelmies" as oantsjutting diskwalifisearret fyn ik twifelich. Mar goed, leaver "pongmies" yn elts gefal. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 mai 2026, 01.35 (CEST)