Springe nei ynhâld

Oerlis:Memory (spultsje)

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 10 moannen lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Net in kaartspul

Net in kaartspul

[boarne bewurkje]

Memory mei in spul wêze dêr't kaarten by brûkt wurde, mar it is net in kaartspul. (Skynber moat dy útlis nog wat better ôfbakene wurde.) Sjoch mar nei it Japanske spul: It Musselspul is krekt itselde spul, mar der komt net in kaart by op tafel. In kaartspul hat IT kaarten as kenmerk; net DE kaarten. Dat is ek wêrom Rummikub en Majong kaartspullen binne, al hawwe die twa gjin kaarten, en wêrom Memory it net is, al hat it al kaarten. Mysha (oerlis) 4 mrt 2025, 10.08 (CET)Beäntwurdzje

Dat sille jo my nochris op 'e nij en wat wiidweidiger útlizze moatte, want ik kin jo net folgje. In kaartspul is neffens my in spul dêr't kaarten by brûkt wurde, oft der no mei kaarte wurdt of net. Ik bin blykber net de iennichste dy't der sa oer tinkt, want op 'e Ingelske Wikipedy is dit spul yndield by de kategory Cardgames for children en op 'e Dútske by Kartenspiel mit speziellem Blatt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 mrt 2025, 22.49 (CET)Beäntwurdzje
Ik wit it, it is in ûnderskie dat allinnich makke wurde sil troch immen dy't in protte mei spullen docht: It kaartspyljen wurdt dien mei ien kaartspul as mei mear kaartspullen. Mei dy ferkoarting nei kaarten is dat net sa dúdlik mear, mar mei in oar wurd: De kategory kaartspul, tsjut in stôkspul oan: In spul dêr't de kaartspullen by skodde wurde ta in stôk, en dan (foar in part) opdield wurde tusken de spilers, mei regels dêr it spul mei spile wurdt. (Allinnich at wy stôkspul skriuwe, binne der net in protte minsken dy't witte wêr't wy it oer hawwe. Mar sis it mar; ik haw der gjin probleem mei en skriuw it út.)
Rummikub en Majong hawwe tegeltsjes, mar dy fungearje as kaarten, dy skodde wurde ta in stôk, en foar in part opdield wurde, mei regels oer hoe't it spul rint. Yndie, Rummikub hat in besibbe ferzje mei kaarten, Machiavelli, en neffens my haw ik ek in Majong-spul mei kaarten. Memory hat al kaartfoarmen, mar der is gjin stôk en gjin opdielen; dat der kaarten by brûkt wurde is net essinsjeel; at de ôfbyldings mar iepen keard wurde kinne en dicht keard. It Musselspul lit sjen dat it mûchlik is meitsje sa'n spul dêr't net iens kaarten by brûkt wurde.
Wat by Memory fan belang is, is dat der in oerflak is dêr't it op spile wurde kin. Dêrom hie ik it ûnder boerdspul setten, mar ûnder famyljespul mei om my ek. Hawwe jo dêr genôch oan? Mysha (oerlis) 5 mrt 2025, 12.45 (CET)Beäntwurdzje
Jo witte der blykber in protte fan, en it is wier dat ik net in spultsjesminsk bin, dus ik wit der net in soad fan. It is fansels hielendal wier dat memory gjin echt kaartspul is yn 'e sin dat der net mei de kaarten kaarte wurdt lykas by pesten of poker (neffens my is dat wat jo my besykje dúdlik te meitsjen). Okee, dan gjin kategory Kaartspul, mar in boerdspul wurdt neffens my ornaris begrepen as in spul mei in bylevere útfouber boerd, lykas skaken, dammen, mens-erger-je-niet, ganzebord, ensfh. Dat foar memory in platte ûndergrûn nedich is, makket it noch gjin boerdspul. Sille we it dan mar op selskipsspul hâlde? Hoewol't je it yn teory ek allinnich spylje kinne, mar ik leau net dat ik dat oait ien dwaan sjoen haw. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 mrt 2025, 19.53 (CET)Beäntwurdzje
Goed, dan sil ik der [[Kategory:Famyljespul]] fan meitsje. Om't dy side der noch net is, sil ik sjen hoe't wy dúdlik meitsje dat dat net perfoars gâns in famylje freget, om't: Jo hawwe skeaun mei immen dy't wier út en troch Memory foar ien persoan spilet. (Alteast, Kom er maar eens achter, om't ik de ôfbylden dêrfan aardiger fyn.) Mysha (oerlis) 6 mrt 2025, 13.54 (CET)Beäntwurdzje
Mar fansels fyn ik dat út dat wy dy kategory Kategory:Selskipsspul neamd hawwe. Wat no? Mysha (oerlis)
De Ingelske Wikipedy hat in kategory Tabletop games. Is dat wat? Hoe soene wy dat yn it Frysk neame kinne. Tafelspultsje? Tafelblêdspultsje? Oan de tafel spile spultsje? Spultsje op de tafel? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 mrt 2025, 20.05 (CET)Beäntwurdzje
Tafelspul; yn it Frysk wie it in ferdûbling en neam apart hokfoar side fan de tafel brûkt wurdt. Dat is lykwols it oersjoch foar alle spullen: Kaartspul, Rolleboartsjen, Dobbelspul... Dêr't wy no Selskipsspul hawwe. Tafelspul is yndie moaier, mar dat wie net it probleem wat ik oanjaan woe: Komt Memory dan sûnder ûnderkategory yn Kategory:Tafelspul? Mysha (oerlis)
Dat wie myn bedoeling al, ja. En de kategoryen kaartspul en boerdspul (ek op/om 'e tafel spile) wurde dan ûnderkategoryen fan Tafelspul. Selskipsspul bliuwt derbûten, want der binne ek selskipsspullen dy't net oan 'e tafel spile wurde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 mrt 2025, 20.55 (CET)Beäntwurdzje
Goed, ik haw besocht en pas it oan. Mysha (oerlis)