Oerlis:Mûzefalken

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Ruurd Jorritsma: Goeie. Binne jo wis fan de oersetting 'bûzerds' foar buizerds? Taalweb jout nammentlik allinnich 'mûzefalk(en)'. Drewes (oerlis) 23 feb 2021, 18.33 (CET)[beäntwurdzje]

@Drewes en Ruurd Jorritsma: Ek goeie. Ik haw it al omneamd, want net inkeld hat Taalweb noch nea fan "bûzerds" heart, mar itselde jildt foar al myn wurdboeken (allinne "mûzefalk" en "mûzefanger") en boppedat ek foar it boek Fûgels fan Sake P. Roodbergen, dy't sprekt fan "mûzebiters". De útgong op -erd is trouwens Nederlânsk en net Frysk, want wy hawwe inkeld de útgong op -ert, dus dan soe it altyd noch "bûzerts" wêze moatte, mar dat wurd bestiet ek net. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 feb 2021, 23.23 (CET)[beäntwurdzje]

Tank foar de relevante fraach. In koarte fraach mei in koart en in net sa koart antwurd. It koarte antword: nee, ik bin net wis. It net sa koarte antwurd: It giet hjir om twa “buizerds”:

  1. de “species”: de soarte (wittenskiplik: Buteo buteo); NL: buizerd, FY: mûzefalk; gjin diskusje.
  2. it “genus”: de groep/it skaai/de ûnderfamylje fan (rôf)fûgels, wêrta de (species) buizerd/mûzefalk heart: NL: buizerds, FY: ???

Do kinst fansels de namme “mûzefalk” op de hiele groep tapasse en dy ‘t “mûzefalken” neame. In pear neidielen:

  1. ek “mûzefalken” as groepsnamme bestiet noch net, safier ik wit;
  2. de buizerds/mûzefalken binne gjin “falken”; de falken (“Falconiformes”, “Falconidae”) hearre net ta deselde famylje en sels net ta itselde skift as de buizerd/mûzefalk en de rôffûgels; foar ien of twa ynburgere namme is dat spitich, mar in feit; mar alle 55 soarten mei de ferkearde (nije) efternamme giet te fier;
  3. guon lea fan de groep fan de “buizerds” befiemje de namme fan in oar dier, sa as: “fisk’, “jakhals”, “sprinkhoanne” dy’t net past mei “mûs”;
  4. ien fan de twa oare soarten fan de groep dy’t al in Fryske namme hawwe, is de “earnfalk” (Buteo rufinus), en is dus gjin “mûzefalk”;
  5. de omlizzende talen hawwe nammen mei “buizerd” (NL), “Bussard” (DE), “Buzzard (EN); gjin swier argumint, mar draacht wol by.

Dêrom bin ik foarstanner fan “bûzerd” of “bûzert” as groepsnamme. Mooglik is it noch net in erkende namme, mar as strjittenamme komt it al foar. Ruurd J

@Drewes en Ruurd Jorritsma: Goeie. Jorritsma, it spyt my wol dat ik it sizze moat, mar ik bin it op alle punten mei jo ûniens. As der fan in taksonomyske groep fûgels gjin bekende Fryske namme bestiet, en yn it Nederlânsk hjit dy groep buizerds, nei it bekendste lid, de buizerd, dan liket it my ta dat je dan sjogge nei hoe't dy fûgel yn it Frysk hjit. Dat is de mûzefalk, dus dan liket it my net mear as normaal dat we dan yn it Frysk sprekke fan "mûzefalken".
In mûzefalk is gjin falk. Dat de namme wat misliedend is foar de leek is spitich, mar soks komt in hiel soad foar, yn withoefolle ferskillende fakmêden. Dat is dan krekt even wat dat je yn sa'n Wikipedy-artikel útlizze kinne. "Mar alle 55 soarten mei de ferkearde (nije) efternamme giet te fier" skriuwe jo. It is gjin ferkearde namme; sa hjitte dy bisten. Wat jó wolle, dat is se in ferkearde namme jaan. It wurd "bûzerd" bestiet net. Ik sjoch ek hielendal net yn wat der mis is mei "fiskmûzefalk" of "jakhalsmûzefalk"; neffens my binne dat prima nammen, wat lang, mar dat krije jo mei sokke bistenammen.
Fierder bestiet der hielendal gjin regel dat alle soarten fan 'e groep mûzefalken ek in soartnamme hawwe moatte dy't einiget op "-mûzefalk", dus ik sjoch der gjin beswier yn dat de earnfalk hjir ek ta heart. Jo lêste argumint oer dat oare talen allegear sokke nammen hawwe, dêr kin ik neat mei. Wy kinne net sels wurden foar it Frysk betinke as dat ús handiger útkomt. Sa wurket it gewoan net. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 feb 2021, 00.43 (CET)[beäntwurdzje]
Goeie,
Dyn arguminten snije wol wat hout mar oertsjûgje my doch mar heal.
Doch sil ik de “mûzefalken”, mei in bytsje tsjinsin, oernimme, en foar inkelde soarten wêr ‘t echt net kan, de foarstelde Fryske namme skrasse of oanpasse.
Hoe dan ek, wol betanke foar it nuttige, krityske each! Ruurd (reäksje 24 febr. 2021 23.57 oer e-mail tastjoerd oan Ieneach fan 'e Esk)
@Ruurd Jorritsma: Earst even in punt dat mei de ynhâld fan dizze diskusje fierders neat te krijen hat. Jo besykje hieltyd om fia de e-mail mei my te kommunisearjen. Dat is eins net de bedoeling. E-mailferkear tusken meidoggers is bedoeld foar saken dy't beslist net iepenbier besprutsen wurde moatte, lykas privee-gegevens. In diskusje lykas dy't wy hjir hawwe, is neat geheims oan en dy heart yn it iepenbier fierd te wurden op in oerlisside lykas dizze, sadat lettere meidoggers neilêze kinne wat der besprutsen is. Ik haw dêrom jo lêste e-mail, dy't jo net, lykas earder, ek tagelyk hjir werjûn hawwe, sels mar hjirboppe tafoege. En as jo yn sa'n diskusje in opmerking pleatse, moatte jo dêrefteroan even ~~~~ sette, dan makket it systeem dêrfan automatysk jo meidoggernamme, de datum en tiid en in link nei jo eigen meidoggersside foar as oare meidoggers dêre reägearje wolle. Dat sjocht der sa út: Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 feb 2021, 15.15 (CET)[beäntwurdzje]
Wat dizze diskusje oangiet it folgjende. Jo lykje de beide dielen fan it wurd "mûzefalk" los faninoar te sjen: "mûzen" en "falk". Neffens my moatte jo dat as ien begryp sjen, "mûzefalk", krekt as "pipermûs", dat gjin mûs is dy't pipet, mar in hiel oar bist, dat net iens ta de knaachdieren heart. Dat jo it handiger fûnen om der "bûzerd" fan te meitsjen, dêr haw ik gjin niget oan, want soks haw ik sels ek wolris. Ik soe bgl. graach it wurd "herstellen" yn it Frysk oernimme, want dêr bestiet eins gjin Frysk wurd foar. Eltse kear as jo yn it Hollânsk dat wurd of yn it Ingelsk restore tsjinkomme en jo wolle dat oersette yn it Frysk, dan moatte jo in hiel omslachtige omskriuwing brûke. Mar sa is it no ienris en dêr sille we mei libje moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 feb 2021, 15.15 (CET)[beäntwurdzje]