Oerlis:Lytse Profeten

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Joadske Profeten[boarne bewurkje]

Hat immen in idee foar in better plak foar dy útlis oer de Iere Profeten en Lettere Profeten? It is goed om op te nimmen, mar it is net spesifyk foar dizze side. Aliter (talk) 4 maaie 2013, 19.50 (CEST)

De Ingelske Wikipedia hat in side "Nevi'im" (in fersimpele stavering fan it sekuere Neḇi'im, dat ik hieltyd oanholden haw, mar dat fansels net sa gaadlik is as titel). De Ingelske Nevi'im-side omfettet sa te sjen alle ynfo dy't jo hjir op 'e Fryske wikipedy kwyt wolle. No earst marris eefkes 2 min. stilte, dan sjogge wy dan wer. Ieneach fan 'e Esk (talk) 4 maaie 2013, 19.57 (CEST)

Faaks koe it op Profeten. Aliter (talk) 5 maaie 2013, 19.46 (CEST)

Dan soe ik der Profeten (Tenach) of sokssawat fan meitsje. Yn elts gefal soe sa'n side op Wikidata oan it Ingelske Nevi'im keppele wurde moatte. Ieneach fan 'e Esk (talk) 7 maaie 2013, 12.54 (CEST)

Hoe dat? Op Profeten koe dochs gâns it ferhaal fan "Net ofsjeel, yn de bibel ornaris opdiel yn lyts en grut, yn de Tenach yn Ier en let, lytse binne yn de Tenach mei syn allen ien boek."? Aliter (talk) 7 maaie 2013, 20.13 (CEST)

Okee, as jo sawol de kristlike as de joadske Profeten behannelje wolle, meitsje der dan Profeten (Bibel) fan. Wêrom? Om't der ek oare profeten binne, Mohammed, Bahá'u'lláh en Brigham Young, om marris in pear te neamen. Ieneach fan 'e Esk (talk) 10 maaie 2013, 11.22 (CEST)