Oerlis:Liuw
Nij mêdUndersoarten
[boarne bewurkje]@RomkeHoekstra: Ik lês hjir dat jo jo foar de ûndersoarten basearje op 'e Súdafrikaanske Wikipedy, mar hawwe jo it stik oer ûndersoarten op 'e Ingelske Wikipedy wol lêzen? Want jo yndieling is efterhelle. Der wurde no noch mar twa ûndersoarten fan 'e liuw erkend: Panthera leo leo yn Noard-, Sintraal- en West-Afrika en súdwestlik Aazje en Panthera leo melanochaita yn Súdlik Afrika, East-Afrika en de Hoarn fan Afrika. Alle oare foarmen fan 'e liuw, dy't earder ek as ûndersoarten beskôge waarden, wurde no as geografysk en/of morfologysk ôfwikende populaasjes fan dy oerbleaune beide ûndersoarten sjoen. Dat jildt bgl. foar de Aziatyske liuw, de Kaapske liuw en ek de Barbarijske liuw. Dus dat stikje oer ûndersoarten moat noch even by de tiid brocht wurde. (Dat wol trouwens net sizze dat jo gjin artikel oer de Barbarijske liuw skriuwe kinne, allinne komt dy no noch in triemke leger te stean, as populaasje fan in ûndersoarte, en hat is syn wittenskiplike namme net mear jildich.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jan 2025, 21.46 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Jo ha gelyk. Ik ha it oanpast. De nije yndieling earst, de âlde yndieling ha ik wol stean litten en dêr by set dat dy oant 2017 hantearre waard. ik ha it net ferwidere om't dy yndieling noch in soad yn 'e wat âldere boeken stiet.--RomkeHoekstra (oerlis) 24 jan 2025, 10.56 (CET)
- @RomkeHoekstra: Prima. Neat op oan te merken. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 jan 2025, 21.00 (CET)
Frjemd
[boarne bewurkje]Wêrom wie it "frjemd genôch noch oant 1975 dat in nêst wite liuwen ûntdutsen waard yn it wyldreservaat Timbavati". Wat wie der sa fjemd oan, en wêrom sizze wy DAT dan net, yn stee fan allinnich dat it frjemd wie? Mysha (oerlis) 24 jan 2025, 12.26 (CET)
- It antwurd op jo fraach stiet yn it earste diel fan 'e sin. Om 't de bisten al folle earder sjoen waarden, wie it nuver dat it noch sa lang duorre dat in nêst fûn waard.--RomkeHoekstra (oerlis) 25 jan 2025, 08.47 (CET)
- At it al yn it earst part fan de sin steit, wêrom moat der dan op 'e nij by dat it 'frjemd' wie? Binne wy der net wis fan dat ús lêzers sjen sille dat it lang duorre hat? Yn dat gefal wie it better en meitsje dy foardehân lizzende obserfaasje eksplisiet:
- Waarnimmings wiene der lykwols sûnt it begjin fan 'e 20e iuw, mar it hat noch desennia duorre eart der de oarsprong fûn waard. Earst yn 1975 waard der lang om let in nêst wite liuwen ûntdutsen yn it wyldreservaat Timbavati. Soks. Mysha (oerlis)
- It antwurd op jo fraach stiet yn it earste diel fan 'e sin. Om 't de bisten al folle earder sjoen waarden, wie it nuver dat it noch sa lang duorre dat in nêst fûn waard.--RomkeHoekstra (oerlis) 25 jan 2025, 08.47 (CET)