Oerlis:List fan religyen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:List fan religys)

Noch ien?[boarne bewurkje]

Wêr stiet de Tsjerke fan Jezus Kristus fan Letterdei Hilligen? Aliter 06.42, 30 des 2005 (UTC)

Mormoanske tsjerke[boarne bewurkje]

De Church of Jesus Christ of Latter-Day Saints oftewol de Mormoanske Tsjerke falt ûnder it kristendom, al hoe ôfwikend at de lear derfan nei it idee fan oare kristenen ek wêze mei. It is trouwens in algemien misferstân dat dy tsjerke noch mearwiverij tastean soe; dat is al sûnt ±1890 net mear sa (der bestiet noch wol in lytse ôfspjalting - ik mien mei de namme Restored Church of Jesus Christ of Latter-Day Saints - dy't dat wol tastiet en in ûnbidich soad plublisiteit krijt). Woadan 13.19, 30 des 2005 (UTC)

Dat sjoch ik oars. Der binne mear religys dy't leauwe dat Jezus Kristus fan bysûndere betsjutting wie foar de minsken, mar wy oardere de religys nei harren stiftende profeten. De TfJKfLH is net stifte troch deselde profeet as it Kristendom, dat it is ek net deselde religy. (Of de rjochtlinen itselde binne, dêr haw ik it hjir net oer. Der binne wat dat oanbelanget tige grutte ferskillen tusken ferskate groepen binnen it Kristendom, dat dat liket my gjin goed kriterium.) Aliter 02.37, jan 13, 2006 (UTC)

Religys / Godstjinsten[boarne bewurkje]

Wêrom hjit dizze side "List fan"? Aliter 01.58, jan 24, 2006 (UTC)