Oerlis:Lândei

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It begryp lândei is folle wider as no omskreaun stiet en kin ferskillende betsjuttings hawwe. Sa hawwe bygelyks guons ferienigingen harren eigen lândei. It soe better wêze om in algemien stikje te hawwen en meitsje foar de Dútske lândei of Fryske lândei in eigen artikel. --Geoffrey 25 apr 2010, 16.44 (CEST)

Fiel jo frij ... Fierders hienen de trije geaen elts ek in lândei. En dat alve en tritich hat der nei alle gedachten neat mei út te stean. Aliter 25 apr 2010, 21.32 (CEST)
Miskien is it my better nei 't as de Fryske lândei in apart artikel krijt. De Dútske lândei kin om my ek wol in aparte side krije, en dêr sil seker wat oer de skiednis te skriuwen wêze. Mei oare wurden, dit is in aparte side dat it begryp lândei omskriuwt, ik soe it tige algemien hâlde en dêrneist ferwize nei de Fryske en Dútske lândei. Ik miende dat se yn Denemark ek in lândei hienen, mar ik bin der net wis fan. --Kening Aldgilles 25 apr 2010, 21.59 (CEST)
Bytsje struktuer yn oanbrocht. Aparte side makke foar de Fryske lândei. Ik wit net oft der no ien of trije/fjouwer lândagen yn Fryslân wienen. Heakje jim witten mar moai ta. Ik fûn de skieding tusken 'ynsidintele' en 'bestjoerlike' lândei wol aardich. As jim in oare yndieling hawwe wolle mei oare nammen fyn ik it bêst. It liket my de baas dat wy de ferskillende foarmen fan lândagen op dizze side omskreaun ha. --Kening Aldgilles 25 apr 2010, 22.15 (CEST)

FALSCH[boarne bewurkje]

Entschuldigung, dass ich mich einmische, aber vielleicht kann hier jemand deutsch oder französisch:

Der Landtag (historisch) ist kein Landtag von heute; der Link de:landesparlament ist also falsch!

Le Landtag (historique) n'est pas Landtag actuel; donc le Weblink de:landesparlament n'est pas correcte!

--Pratz53 (talk) 27 jan 2013, 10.34 (CET) -> Pratz53

It kloppet yndied net, mar it liket my mear in Dútsk as in Frysk probleem ta. --Geoffrey (talk) 30 jan 2013, 17.25 (CET)
Sjoch de lêste sprekker. Gjin prioriteit tinkt my. Mar faaks kinne der wol in tal ynterwikys fuorthelle wurde Drewes (talk) 30 jan 2013, 18.02 (CET)
It is in spultsje fan definysje en kulturele ferskillen. Dochs hat Pratz53 wol gelyk. Neffens my bestiet de Lândei hjoed-de-dei allinnich noch mar yn Dútslân. Wy beskriuwe de Lândei op dizze side yn 'e skiedkundige sin. Dêrom kinne wy de side Lândei wol feroarje yn Lândei (histoarysk). De Dútske Landtag kinne wy apart beskriuwe, fansels mei in ferwizing fan dizze side ôf. Kin dat in oplossing foar jim wêze? Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 30 jan 2013, 19.44 (CET)
Of wy moatte derfoar kieze wolle om de ynterwiky's allegear fuort te heljen. De oarstalige siden beskriuwe nammentlik de Dútske Lândei yn 'e bestjoerlike sin. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 30 jan 2013, 19.46 (CET)