Springe nei ynhâld

Oerlis:L'Étranger

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 2 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp *tranger

*tranger

[boarne bewurkje]

Ik wit dat it Frânsk aksinten op kapitalen set. Foar Frysk is dat lykwols net de wizânsje. Hoe is dat foar in Frânske namme yn in Fryske tekst? Mysha (oerlis) 10 sep 2024, 13.30 (CEST)Beäntwurdzje

Frânsk bliuwt Frânsk, ek yn in fierders Fryske tekst. Drewes (oerlis) 10 sep 2024, 17.46 (CEST)Beäntwurdzje
Ik slút my by Drewes oan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 sep 2024, 21.14 (CEST)Beäntwurdzje
Goed, ik haw krekt op fakânsje west, dat op it stuit kin eltsenien my alles fertelle. Sis mar wat de grinzen hjir oan binne ... Mysha (oerlis)
Titels fan boeken of films of telefyzjesearjes yn oare talen bliuwe gewoan yn dy oare talen stean. Dêr hoecht de stavering net fan ferfryske te wurden. As it om gewoane wurden giet, dy't yn 'e Fryske taal opnommen wurde út in oare taal wei, dan leit it hiel oars om't sokke lienwurden dan ûnderdiel wurde fan it Frysk en dus oan 'e Fryske stavering foldwaan moatte. Mar in titel is gjin lienwurd. In titel is eins mear ferlykber mei in persoansnamme. Ik bedoel: we skriuwe ek net fan Albêr Kamu as we it oer Albert Camus hawwe, hoewol't dat wol de útspraak is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 sep 2024, 21.25 (CEST)Beäntwurdzje