Oerlis:Qin Shi Huang

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:Kwin Shi Huang)

Op ús wikipedy hawwe wy ek in side Kwin Sy Hwangty, in stobbe oer deselde persoan. --Geoffrey 11 feb 2011, 09.29 (CET)[beäntwurdzje]


Oer de stavering fan 'e namme it folgjende. De 'q' stiet yn it Sineesk net foar de klank 'kw', mar foar in 'tsj'-eftich lûd (dus de ferfrysking nei 'Kwin Sy Hwangty' rekket kant noch wâl). Ferfrysking nei 'Tsjin ensfh.' smyt wer oare problemen op, mei't it Sineesk fiif ferskillende 'tsj'-klanken hat, dy't yn 'e troch it Sineeske regear offisjeel fêststelde pinyin-transliteraasje nei it Latynske alfabet skreaun wurde as: 'ch', 'j', 'q', 'sh' en 'x' (as jo witte wolle hoe't dy letters dan krekt útsprutsen wurde moatte, ferwiis ik jo nei: en:Pinyin#Initials and finals). Litte wy dus yn fredesnamme dy offisjele stavering oanhâlde, want oars ferslane wy der alhiel yn. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 jan 2017, 00.56 (CET)[beäntwurdzje]