Springe nei ynhâld

Oerlis:Konsylje fan Trente

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 1 jier lyn troch RomkeHoekstra by it ûnderwerp Konsylje/Konsily

Konsylje/Konsily

[boarne bewurkje]

@RomkeHoekstra: Ik haw dit artikel omneamd fan 'Konsylje fan Trente' ta 'Konsily fan Trente'. De foarm "konsylje", hoewol't ik daliks tajou dat dy oandocht as in gever Frysk wurd, komt yn gjin inkeld wurdboek foar. It Frysk Hânwurdboek hat dan wol wer "konsyljêr" as eigenskipswurd fan "konsily". Ek Frysker ken inkeld de foarm "konsily". As ik "konsylje" op Frysker yntoets en it programma dan freegje it wurd oer te setten nei it Nederlânsk, jout er "naar binnen familie". Huh? Ik wit it ek net, mar ik haw der hjir mar konsily fan makke. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 sep 2024, 23.28 (CEST)Beäntwurdzje

@Ieneach fan 'e Esk:Poerbêst. Ik ha it noch eefkes neisjoen yn it Frysk Wurdboek dat ik noch ha (1992). Dêr stiet it wurd konsylje wol.--RomkeHoekstra (oerlis) 27 sep 2024, 08.37 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: O. Ik miende dat ik alle Fryske wurdboeken hie, mar dat wurdboek fan 1992 ûntbrekt dan by my yn 'e kast. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 sep 2024, 21.15 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Nee, it is gewoan it Nederlânsk-Fryske oersetwurdboek fan Visser, sjoch ik no. Ik wit no wol hoe't ik it hân haw. Ik haw juster nei "consilie" socht mei in s. Ik tocht noch: wat nuver dat it wurd hjir hielendal net iens yn stiet. Mar it is yn it Nederlânsk fansels mei in c: concilie. Wat stom, net? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 sep 2024, 21.29 (CEST)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk:: Op myn fraach oan Frysker oft konsylje gjin Frysk mear is, krige ik it folgjende antwurd:
Jawis is it wurd 'konsylje' noch wol Frysk, allinnich is it net as foarkar opnommen yn 'e Foarkarswurdlist. Yn it Wurdboek fan de Fryske taal/ Woordenboek der Friese taal (diel 11, útkommen yn 1994) stiet ek al as earste foarm 'konsily' mei dêrneist as fariant 'konsylje'. Sjoch: https://gtb.ivdnt.org/search/ > Origineel trefwoord: konsily. (Mei in pear sitaten derby). Dat komt oerien mei de folchoarder yn it Frysk Wurdboek (NL-FR).
Yn https://frysker.nl stiet inkeld 'konsily' as oersetting fan 'concilie'. Mei de ferbiningen:
een oecumenisch concilie: in oekumenysk konsily
het Concilie van Trente: it Konsily fan Trente
het Tweede Vaticaans Concilie: it Twadde Fatikaansk Konsily
Dat jo as jo 'konsylje' yntype by Oersette 'naar binnen familie' krije is in ûngelokkige útkomst fan it parallel korpus dat derefter sit, mar hat der grif ek mei te meitsjen dat 'konsylje' net faak (of miskien alhiel net) yn dat korpus sit. As jo 'konsily' ynfolle jout er kreas 'concilie'.
Hoe dan ek, 'konsylje' kinne jo brûke as fariant fan 'konsily' dat as staveringsfoarm al gâns in skoft op it foarste plak stiet.
Mei freonlike groetnis,
@RomkeHoekstra en Ieneach fan 'e Esk:, ik hie dat ynearsten ek net yn 'e gaten. Ik hie ek tocht dat "konsylje" it "gevere" wurd wêze soe. Wol nuver dat "konsily" en net "konsylje" op 'e Foarkarswurdlist stiet. Je soene sizze dat se wat konsekwinter wêze soene, wat it is ek "famylje" en net "family". Mar hawar. --Kneppelfreed (oerlis) 27 sep 2024, 20.14 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra en Kneppelfreed: Ja, ik fyn dit ek wer fan in logika dy't fier te sykjen is. No't yn elts gefal dúdlik is dat "konsylje" in besteand Frysk wurd is, kinne we wat my oangiet ek de fiif artikels mei "konsily" yn 'e titel omneame nei "konsylje" as jimme it dêr mei iens binne. Want ik fyn "konsylje" eins wol sa moai as "konsily". Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 sep 2024, 21.18 (CEST)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed en Ieneach fan 'e Esk: As sawol konsily as konsylje geve Fryske wurden binne, werom dan in foarkar? Ik ha der sawiesa wol wat muoite mei dat in pear minsken útmeitsje moatte hokker wurd de foarkar hat. Op basis wêrfan dan? It wurd is der of it is der net. En it is geef of it is net geef. It is al hielendal nuver dat it wurd net iens mear yn wurdboeken wurdt opnommen. Ik skriuw it minske noch wol eefkes in berjochtsje dat wy ús eigen foarkar dus mar oanhâlde en dat se der better oan dogge ek konsylje tenei as oersetting der by te setten. --RomkeHoekstra (oerlis) 27 sep 2024, 21.49 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Mei iens. Mar jo sizze net wat ús eigen foarkar neffens jo is. Konsylje? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 sep 2024, 21.53 (CEST)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk, @RomkeHoekstra, ik soe sizze "Konsylje", omreden konsekwint te wêzen mei oare ily/ylje útgongen. Kneppelfreed (oerlis) 27 sep 2024, 22.02 (CEST)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed en Ieneach fan 'e Esk: Konsylje dus.--RomkeHoekstra (oerlis) 27 sep 2024, 22.04 (CEST)Beäntwurdzje