Oerlis:Fideospultsje

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:Kompjûterspultsje)

Spul-tjse[boarne bewurkje]

Is it net in goed idee om de namme fan dizze side te feroarjen yn "Kompjûterspultsje" of "Kompjûterspultsjes"? Sa wurdt it by myn witten nammentlik ek yn it deistich libben brûkt.
SK-luuut 5 jul 2007, 18.19 (CEST)[beäntwurdzje]

Bêste SK
Sa sis ik it; sille wy dat kompjûterspul efkes spylje of mei ik dat kompjûterspul efkes fan dy liene? It nije Prisma wurdboek NL-FRY FRY-NL seit ek spul ynstee fan spultsje, ek it Frysk-Ingelsk wurdboek seit spul en net spultsje. Neffens de offisjele stavering is spultsje in ferlytsingswurd. Do hast gelyk wat omgongstaal oanbelanget, mar myn miening is; sa litte sa as it no is. Bisto it dêrmei iens? Kening Aldgilles 5 jul 2007, 19.07 (CEST)[beäntwurdzje]
De reden dat ik dit sis is omdat yn de streek wêr’t ik wenje "kompjûterspultsje" brûkt wurdt en nea "kompjûterspul", mar it Frysk is fansels net oeral itselde. Dêrom wol ik leaver efkes ôfwachtsje wat oare brûkers der fan fine. Ik ha op beiden neat tsjin, mar ik tink dat it it bêste is om hjir it bêst passende wurd te brûken.
SK-luuut 5 jul 2007, 19.18 (CEST)[beäntwurdzje]
No't ik der noch wer ris oer nei tink: wêr ik wenje betsjut it Fryske wurd 'spul' hielendal net itselde as it Hollânske wurd 'spel', mar earder sa iets as 'dingen' of 'iets', sa as yn de útdrukking 'wat is dit my no wer foar spul?'.-SK-luuut 7 jul 2007, 03.02 (CEST)[beäntwurdzje]
Kloppet, soksawat as wy hiene wat spul meiïnoar. Dat hat yn dy sin in negative gefoelswearde. Mar goed lit spul en spul dan in sinonym fan inoar wêze. Kening Aldgilles 7 jul 2007, 09.19 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik sis ek spultsje, mar it kin om my beiden. Der kin ek noch altiten in REDIRECT makke wurden fan Kompjûterspultje Geoffrey 7 jul 2007, 23.21 (CEST)[beäntwurdzje]
Do hast gelyk Geoffrey, tige tank, dan binne wy no oan 'e ein fan dizze diskusje tinkt my. Kening Aldgilles 8 jul 2007, 15.23 (CEST)[beäntwurdzje]
Dit hat noch wat gefolchen foar de side. Oeral dêr't no 'spul' stiet kin it wêze dat it 'spultsje' wêze moat, ek yn meartal en yn ôfliedings. Hawwe jimme der in goed idee fan hoenear it wat wêze moat? Mysha
Bêste Mysha, kloppet do hast gelyk. Mar neffens my is it wurd neffens offisjele stavering spul ynstee fan spultsje. Moat ik de side wer werneame nei kompjûterspul? Dan kinne minsken troch kompjûterspultsje yn te tipen ek it stik fine. Kening Aldgilles 9 jul 2007, 16.05 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik tink dat is sa by sa goed is as dizze side op beide manier te berikken falt. Miskien is it in goed idee om by de Afûk te ynformearjen, mar ik ha dêr net echt bannen mei.
SK-luuut 21 jul 2007, 00.42 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik wie hjoed tafallich by myn mem yn Erasmushiem en dy prate mei har buorfrou en sy hienen it oer it spultsje dat moarn hâlden wurde sil. Ik freege harren wat bedoele jum dermei (Frysk is ommers net myn memmetaal, ik ben opwaakse mei Leewadders), want yn it kader fan dizze oerlisside woe ik wol witten wat sy der mei bedoelden. Ik krige te hearen: "Moarn is der Bingo". --Geoffrey 9 jul 2007, 21.29 (CEST)[beäntwurdzje]

Spultsje betsjut net spesifyk Bingo, mar om't ja beiden witte dat it oer de Bingo giet referearje se dêrnei ta as it spultsje.
SK-luuut 21 jul 2007, 00.36 (CEST)[beäntwurdzje]

Kategory:Sport[boarne bewurkje]

Nei myn miening heart dit artikel net thús yn de kategory sport.-SK-luuut 7 jul 2007, 03.02 (CEST)[beäntwurdzje]