Springe nei ynhâld

Oerlis:Klaas Bruinsma (oersetter)

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:Klaas Bruinsma (literêr oersetter))
Lêste reäksje: 7 moannen lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Oertaling

Mei Sletten Doarren

[boarne bewurkje]

Ik hie juster efter Bruinsma syn oersetting fan Huis Clos (Mei Sletten Doarren) fan Sartre set: "twifelich; de iennichste boarne dy't de oersetting fan dit stik oan Klaas Bruinsma taskriuwt, is Tresoar; alle oare boarnen neame Pyt van der Zee as oersetter". Ik hie ek even in mailtsje nei Tresoar stjoert, en dêr krige ik hjoed dit andert op:

"Dit bin twa ferskillende publikaasjes.

  • Mei Sletten Doarren: Toanielstik yn Ien Bedriuw (Fiif Tafrielen) / Jean-Paul Sartre, oers. troch Pyt & Tryntsje van der Zee, oanfraachnûmer 9764 fr bis, 1995 STUFT;
  • Mei Sletten Doarren ("Huis Clos") / Jean-Paul Sartre, oers. troch Klaas Bruinsma, oanfraachnûmer 10895 fr folio bis, 1994 útjouwer ûnbekend."

Ik haw de tekst fan it artikel op grûn fan dizze ynformaasje oanpast. Ieneach fan 'e Esk (talk) 8 mrt 2013, 19.00 (CET)Beäntwurdzje

Oertaling

[boarne bewurkje]

Ik sjoch hoe oersetting feroare is ta fertaling. Is der in ûnderskie dat ik net wit? (Oarsom bin ik net bliid mei it ferhaal oer wa't de Dutsers net finzen nimme koenen.) Mysha (oerlis) 26 sep 2025, 13.24 (CEST)Beäntwurdzje

Ik haw yn 'e ynlieding "oersettings" weromferoare yn "fertalings". Dat binne synonimen, dy't allebeide like geef Frysk binne. Mar om't "oersetting" fierder fan it Nederlânsk ôf stiet, jouwe in protte Friezen dêr de foarkar oan. Ik moat bekenne dat ik sels ek net alhiel frij bin fan dy refleks. Yn dit gefal hie ik hjir lykwols "fertalings" skreaun om in reden. As jo de hiele ynlieding lêze, stiet dêr:
"Klaas Bruinsma wie in âld-ûnderwizer en -learaar Ingelsk en skiednis, dy't bekendheid krige troch syn oersettings fan histoaryske literêre wurken yn it Frysk. Hy wie ferantwurdlik foar in grut ferskaat oan fertalings fan proaza en poëzij út it Aldgryksk, Latyn, Midfrysk, Nederlânsk en Midnederlânsk, Dútsk, Ald-, Mid- en modern Ingelsk, Frânsk, Russysk, Skotsk en Spaansk. Foar de oersettings fan trije trageedzjes fan Sofoklês (Filoktêtês, Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos) krige Bruinsma yn 1993 de Dr. Obe Postmapriis. Foar syn oersettings fan 'e Ilias en de Odyssee fan Homêros ûntfong er yn 2005 jitris dyselde priis en yn 2007 waard er dêrfoar eare mei de Sulveren Anjer. Njonken syn wurk as oersetter wie Bruinsma ek aktyf as dichter en as skriuwer fan non-fiksje."
Om't dizze man in warber oersetter/fertaler wie, komt itselde wurd fjouwer kear yn sa'n koart stikje foar. Dat is stilistysk gewoan net moai. Dêrom haw ik it in kear ferfongen troch in synonym. Dêr wurdt de tekst lêsberder fan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 sep 2025, 18.45 (CEST)Beäntwurdzje