Oerlis:Kearkringfûgeleftigen
Nij mêdAppearance
Lêste reäksje: 27 deien lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Opmerking
Opmerking
[boarne bewurkje]@Ruurd Jorritsma: Goeie. Wat jo hjir dien hiene, fûn ik wol hiel koart troch de bocht. Ik begryp dat jo oare wurk op Avilist allinnich mei libbene fûgels te krijen hat, mar de Wikipedy is in ensyklopedy dy't ek mei útstoarne soarten rekken hâlde moat. Dan blykt der ynienen net mar ien famylje yn dit skift te sitten, sa't jo skreaune, mar twa, en net ien skaai yn 'e famylje, mar fjouwer. Dat betsjut dat de famylje Pheathontidae en it skaai Phaethon ek har eigen artikel krije moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 jan 2026, 18.29 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Goeie. It is wier dat ik my net direkt dwaande hâld mei útstoarne soarten (útsein as se minder as twa ieuwen lyn útstoarn binne). Net sa folle fanwegen Avionary, mar mear om't se gjin topprioriteit lykje te wêzen yn ferliking mei de grutte gatten dy't oerbliuwe yn 'e list mei libbene soarten. Mar it is prima om se ta te foegjen, sels as it mear ûndersyk betsjut foardat in famylje of skaai tafoege wurde kin. Ik haw de side foar de kearkringfûgels (famylje) weromset, no mei jo ekstra ynformaasje. Dit om't oars "kearkringfûgel(s)" net fûn wurde soene. Ruurd Jorritsma (oerlis) 18 jan 2026, 22.39 (CET)
- @Ruurd Jorritsma: Sorry: Avionary bedoelde ik. Ik wie de namme even kwyt en doe lies ik earne "Avilist". Ik tink, dat sil it dan wol wêze. Ik haw der no even in notysje fan makke. Wat betreft it ûnderwerp fan petear: poerbêst. Ik sjoch sels altyd even nei it korrespondearjende artikel op 'e Ingelske Wikipedy; dêr wurde de fossilen oer it algemien wol neamd. Ik bin mei jo iens dat se net de heechste prioriteit hawwe om beskreaun te wurden, mar yn sa'n list moatte se eins al even neamd wurde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 jan 2026, 01.55 (CET)