Oerlis:Keä (fûgel)
Nij mêdAppearance
(Trochferwiisd fan Oerlis:Kea (fûgel))
Lêste reäksje: 1 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp stavering namme
stavering namme
[boarne bewurkje]Ik ha yn it bestân stien om de fûgel as kéa te staverjen. Mar alle talen staverje it bist as kea, dat ik ha it sa litten. Der is boppedat in Mauna Kea. As der oars oer tocht wurdt ek bêst. Fûgel tusken heakken om't der ek in Gryksk eilân mei dy namme is. RomkeHoekstra (oerlis) 12 jan 2025, 10.43 (CET)
- Wy skriuwe teäter, dat hoe liket Keä? Drewes (oerlis) 12 jan 2025, 16.06 (CET)
- Drewes syn oplossing liket my de juste ta. Sûnder trema rymt dit wurd op "lea" en "jûnsrea", en dat is net de bedoeling. It brûken fan it skerpteken (é) is eins net neffens de offisjele Fryske stavering, en wurdt inkeld noch dien by wurden as "grouwélich" en "mandélich" om 'e klam oan te jaan (oars soe dy dêr op it earste wurdlid falle). It oanjaan fan 'e aparte útspraak fan fokalen dy't oars mei-inoar in twaklank foarmje soene, moat mei in trema (fergelykje bgl. "Koreä", "Nij-Guineä", "Kroätysk", "poëzij"). Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting wurde trouwens nammen as Mattéus en Bartoloméus wol mei in skerpteken skreaun. Neffens my is dat eins net sa't it heart (hie Matteüs en Bartolomeüs wêze moatten), mar doe't ik yn in skier ferline hjir artikels oer alle bibelboeken skreau, haw ik de bibeloersetting foar it gemak mar beskôge as de gesachhawwende boarne oangeande de Fryske stavering fan Bibelske nammen, dat dêrom haw ik yn dy gefallen it skerpteken stean litten. Letter hawwe oaren, lykas jo, Romke, dat oernommen of op eigen manneboet dyselde ôfwaging makke, ien fan beiden. Mar yn elts gefal is "keä" gjin Bibelske namme, dat it liket my de baas en folgje hjir de offisjele stavering mar. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 jan 2025, 19.41 (CET)