Springe nei ynhâld

Oerlis:Karakûmmosk

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 12 deien lyn troch RomkeHoekstra by it ûnderwerp namme

namme

[boarne bewurkje]

@Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: Ik ha hjir as twadde namme de Aziatyske woastynmosk tafoege (om't er earder as ûndersoarte fan 'e gewoane yn Afrika foarkommende woastynmosk beskôge waard). RomkeHoekstra (oerlis) 28 jan 2026, 09.10 (CET)Beäntwurdzje

@RomkeHoekstra. Poerbest. As P. zarydni, as in ôfsplitste soarte, Aziatyske woastynmosk neamd wurdt, moat de oerbleaune P. simplex ('sensu stricto') Afrikaanske woastynmosk neamd wurde. Dat is wat ik bedoel mei it foarkommen fan ynbêde (ynklusyf) nammen. Ruurd Jorritsma (oerlis) 28 jan 2026, 14.29 (CET)Beäntwurdzje
@Ruurd Jorritsma: Wolle jo de fûgel simplex omneame of krekt lykas hjir as twadde namme fermelde?--RomkeHoekstra (oerlis) 28 jan 2026, 15.01 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra Nee, perfoarst net. Salang't zarudny Karakûm- as earste namme hjit, hoecht der gjin "Afrikaanske" oan simplex tafoege te wurden. It kin dêr as twadde namme fermeld wurde, mar it is net echt nedich. Ruurd Jorritsma (oerlis) 28 jan 2026, 16.34 (CET)Beäntwurdzje
@Ruurd Jorritsma: Moai, dan hie ik jo net goed begrepen. Dan kinne wy it hjirmei sa litte.--RomkeHoekstra (oerlis) 28 jan 2026, 21.26 (CET)Beäntwurdzje