Oerlis:Kaptein-op-see

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik kin my net yntinke dat in marineman mei de rang fan kaptein-op-see oansprutsen wurde moat mei "kolonel". Drewes (oerlis) 7 apr 2018, 20.12 (CEST)[beäntwurdzje]

Dat kin ik my dan wol wer yntinke (dat jo jo dat net yntinke kinne), mar dochs is it sa. (Sjoch: nl:Lijst van militaire rangen van de Nederlandse Krijgsmacht.) Ik tink dat jo net goed it ûnderskied foar it ferstân hawwe tusken 'kaptein' yn 'e sin fan de gesachfierder fan in skip en 'kaptein' yn 'e sin fan militêre rang. De measte gesachfierders fan marineskippen hawwe nammentlik in legere rang as kaptein-op-see. Mar dat wol net sizze dat kapteins-op-see nea op in skip komme. Ik tink dat de oansprektitel 'kolonel' foar in kaptein-op-see fral bedoeld is om misferstannen foar te kommen (dy kin men ommers net brûke yn oarlochssitewaasjes): der kin mar ien kaptein op in skip wêze. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 apr 2018, 01.23 (CEST)[beäntwurdzje]