Oerlis:Kabaal

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik sjoch op taalweb net dat it wurd kabaal dizze betsjutting hat, mar haw de side ynearsten mar sa neamd. Soene we it oars omneame moatte ta "Yntrige", lykas de of soksawat of mar sa litte? Wat sizze jimme dêrfan?--Kneppelfreed (oerlis) 4 apr 2021, 05.20 (CEST)[beäntwurdzje]

@Kneppelfreed: Dan wurdt it in hiele oare side, want it ferskil is: in kabaal is in groep gearwurkjende minsken mei in mienskiplik doel, wylst in yntriizje (sa soe ik it skriuwe, want sa sprek ik it ek út) in ûnderhânske strategy fan ien of mear persoanen is om syn of harren sin te krijen. Neffens my kin ien persoan nammentlik al yntrigearje sûnder bemuoienis fan oaren. Ik haw dan ek muoite mei jo bewearing dat in yntriizje, kûperij en politike gearspanning synonym binne mei in kabaal. Foar alle trije jildt: it binne hannelingswizen, gjin groepen gearwurkjende persoanen, en foar yntriizje jildt boppedat neffens my ek noch dat der gjin groep by belutsen hoecht te wêzen. Ik soe graach wolle dat jo de tekst op dit punt even oanpasse; ynstee fan "Synonimen binne:" soe ik leaver hawwe "De hannelingswizen fan in kabaal binne:", of sokssawat. Wat de namme fan it artikel oangiet, tsja, lit sa mar stean, soe ik sizze, oars moatte jo it hiele artikel ombouwe, en it is sa oars dúdlik genôch. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 apr 2021, 00.51 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Tige by tige foar jo útlis. Ja ik woe it leafst ek sa litte, want oars soe de hiele side feroare wurde moatte, mar ik tocht ik bring it al even op it aljemint.--Kneppelfreed (oerlis) 5 apr 2021, 05.06 (CEST)[beäntwurdzje]