Oerlis:Joaris Albrecht fan Eastfryslân
Nij mêdAppearance
Lêste reäksje: 1 jier lyn troch Drewes by it ûnderwerp Foarnamme
Foarnamme
[boarne bewurkje]Retoaryske fraach: soe Georg Albrecht syn mem wier ea Joaris, komme, wy moatte ite! oer de buorren ropt hawwe? Mei oare wurden, ik bin foar omneamen fan Joaris nei Georg. Drewes (oerlis) 27 aug 2025, 17.09 (CEST)
- @Drewes: Ik beäntwurdzje de fraach dochs mar even: Nee, mar de mem fan Loadewyk XIV fan Frankryk rôp him ek net mei de namme "Loadewyk". Sokke foarstenammen sette wy no ienris oer. Ik bin yn prinsipe tsjin it stean litten fan foarstenammen fan sa lang lyn yn bûtenlânske talen. Joaris is in Frysk alternatyf foar Georg, dêrom haw ik de side yndertiid nei dizze foarm ta omneamd.
- Kompromisfoarstel: Yn 'e Nederlânske skiedskriuwing wurde telgen út it Hûs Nassau dy't yn it Dútsk fan Georg hjitte, George neamd. Bygelyks nl:George van Nassau-Dillenburg/de:Georg (Nassau-Dillenburg). Ik kin der wol mei libje as wy dizze man George Albrecht fan Eastfryslân neame. Kinne jo jo dêr ek yn fine? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 aug 2025, 20.36 (CEST)
- Ik soe sizze, lit mar moai sa gewurde. Kneppelfreed (oerlis) 28 aug 2025, 04.56 (CEST)
- Ok, fuort mar. Drewes (oerlis) 28 aug 2025, 16.03 (CEST)
- Ik soe sizze, lit mar moai sa gewurde. Kneppelfreed (oerlis) 28 aug 2025, 04.56 (CEST)