Oerlis:Jiskemosk
Nij mêdAppearance
Lêste reäksje: 21 deien lyn troch RomkeHoekstra
@Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: Moat de namme net jiskegrize mosk wêze? RomkeHoekstra (oerlis) 26 jan 2026, 14.40 (CET)
- @RomkeHoekstra: Net needsaaklikerwize. Mar wêr komt dizze namme wei? Want alle oare talen hawwe Swainsons mosk útsein it Sweedsk. As jo beslist gjin eponym hawwe wolle, kinne we dan net better it Sweedsk folgje en hjir Etiopyske mosk fan meitsje? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 jan 2026, 14.54 (CET)
- @Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: Dy namme komt by moskfûgels wei. Ik fyn Etiopyske mosk ek bêst.--RomkeHoekstra (oerlis) 26 jan 2026, 16.50 (CET)
- @RomkeHoekstra @Ieneach fan 'e Esk: Ik haw de moskfûgels-side fiif jier lyn makke. Jiskemosk wie ynspirearre troch it Noarsk (askespurv) en is moai koart en ter sake. Oft jiskegrize better is as gewoan jiske-, wit ik net, krekt as mei roet- en rust- tsjin roetswart en rustbrún; wy hawwe ek jiskespjocht en jiskemiuw. Ik haw gjin beswier tsjin Etiopyske (of jiskegrize) mosk, útsein dat jiskemosk al fiif jier op Wikipedy stiet en noch langer op Avionary. Dus, allinich as it nedich is. Ruurd Jorritsma (oerlis) 26 jan 2026, 17.32 (CET)
- @Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: It wie fan myn kant allinnich in fraach, net dat ik beswier tsjin 'e namme ha.--RomkeHoekstra (oerlis) 26 jan 2026, 17.41 (CET)
- @RomkeHoekstra en Ruurd Jorritsma: Okee, dus it komt fan 'e Noarske namme, mar it Noarsk hat oer dizze fûgel noch gjin Wikipedia-artikel, dat dat koe ik net witte. Dan kin it om my ek wol jiskemosk bliuwe. En wat de oarspronklike fraach fan Romke oangiet, we hawwe ek fûgelnammen mei "saffraan-" oan it begjin, of "fjoer-"; en dêr meitsje wy ek gjin "saffraangiele" of "fjoerreade" fan, dus "jiskegrize" hoecht om my net, of jimme moatte dêr in foarkar foar hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 jan 2026, 20.49 (CET)
- @Ruurd Jorritsma en Ieneach fan 'e Esk: Dan litte wy it sa gewurde.--RomkeHoekstra (oerlis) 26 jan 2026, 22.32 (CET)