Oerlis:Jehanneskleaster (Sint-Petersburch)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@RomkeHoekstra: Goeie. Soene jo de staveringsferoaringen dy't ik krekt, foar de safolste kear yn jo stikjes, oanbrocht ha ris goed besjen wolle en dêr tenei rekkening mei hâlde wolle? Sjoch: Taalweb Frysk. Yn't foar tige tank. Drewes (oerlis) 8 feb 2020, 19.44 (CET)[beäntwurdzje]

Goeie, efkes twa saken: werom is it otterdoks ynstee fan otterdoksk? Is it dan ek rooms yn stee fan roomsk? En neffens de transliteraasjelist dy't ik fan Ieneach fan 'e Esk krigen ha is Сура net Soera mar Sûra. Ik sil besykje der tenei REKKEN (of mei "rekkening" ek?) mei te hâlden, mar it bliuwt minskewurk. Likegoed myn ferûntskuldiging foar it ûngemak.--RomkeHoekstra (oerlis) 9 feb 2020, 10.27 (CET)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Ik hie juster dúdliker wêze moatten. Fansels wurde der flaters makke, bin ik ek in master yn, mar ik besykje wol om der fan te learen. It giet my om' e wurden dy't alle kearen wer ferkeard stavere weromkomme nei't ik se ferbettere hie: wurden mei in tusken-n dy't der net yn moat, otterdoksk, 19e iuwsk sûnder streekje, dy dingen. Dat fyn ik frustrearjend, it hoecht net. It ferskil roomsk-otterdoks kin ik jo net ferklearje. Wat Soera oanbelanget haw ik it Nederlânsk folge; in û-lûd foar in 'r' wurdt dan 'oe'. Ik bin gjin taalkundige, mar wit wol dat staveringsregels net altyd logysk binne. Groetnis Drewes (oerlis) 9 feb 2020, 17.18 (CET)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra en Drewes: As ik even yn dizze diskusje ynbrekke mei, wol ik der graach it folgjende oer sizze. Wat de stavering fan "otterdoks(k)" oangiet, dat is dúdlik, dat moat "otterdoks" mei 1 K wêze. Sa stiet it yn alle wurdboeken: Frysk-Nederlânsk side 734; Nederlânsk-Frysk side 532; Frysk Hânwurdboek side 1441. "Roomsk" is yn dit ferbân net sa'n goed foarbyld om mei te ferlykjen, want dat is ôflaat fan Rome, en alle eigenskipwurdlike ferbûgings fan toponimen hawwe yn it Frysk no ienris in útgong op "-sk", of it moat wêze dat se mei "-er" ferbûgd wurde, lykas "Grinzer sikehûs" of "Dimter koeke". In better foarbyld is "protestantsk", dat wol deeglik in K oan 'e ein hat. Wêrom dat wol en "otterdoks" net? Dat wit ik net, mar dat is no ienris sa. As jo dat echt witte wolle, sille jo by de F.A. te rie moatte. Ik begryp jo oanstriid om "otterdoksk" te skriuwen hielendal. Dy hie ik yn it begjin ek en dat haw ik my echt ôfwenne moatten. Mear kin ik jo hjir net oer fertelle. It is no ienris "otterdoks", dat dêr sille we ús by dellizze moatte.

Dan oer "Soera"/"Sûra". Ik bin bang dat ik jo dêr wat op 'e doele brocht haw. Jo sizze, jo sjogge nei de transliteraasjelist dy't ik jo jûn haw. Ik haw lykwols fersomme, sjoch ik no, om dêryn op te nimmen dat in û foar in r oer it algemien skreaun wurdt as in oe. Doe't we okkerdeis op myn oerlisside oerlein hawwe oer guon saken oangeande stavering haw ik it dêr al neamd. Ik haw doe skreaun: "Op 'e Wikipedy wurdt almeast de regel oanholden om 'e û-klank yn wurden en nammen út talen dy't it Syrillysk skrift brûke (lykas it Russysk en it Oekraynsk), te transliterearjen as "û" (dus bgl. "Vladimir Pûtin" of de stêd "Tûla"), behalven as sa'n klank foar in "r" stiet (bgl. "Ivan Toergenjev" of de stêd "Moermansk"). Dat hat dermei te krijen dat de û yn 'e Fryske útspraak dan automatysk in twaklank wurdt, lykas yn "koel". En sa'n twaklank moat neffens de Fryske Akademy altyd as "oe" skreaun wurde (dêrom bgl. "entoeraazje" en net "entûraazje"). It leit (neffens my, mar miskien tinke oaren der oars oer) yn 'e reden om dy spesifike regel troch te lûken nei de transliteraasje." Mar ik hie it net neamd yn 'e transliteraasjelist dy't ik ris foar jo makke haw, dat as jo "Sûra" skriuwe en as Drewes it hjir feroaret, moatte jo him dat net kwea-ôf nimme, want dit komt op myn boardsje. Myn ûntskuldigings dêrfoar. Ik sil de transliteraasjelist op jo oerlisside eefkes oanpasse. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 feb 2020, 22.10 (CET)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk:Ik fyn it net slim dat immen my op staveringsfouten wiist; it gyng my benammen om it segryn dat der wat ôfdripte yn de earste rigel fan Drewes. Ik sit hjir net mei sin of út ûnferskilligens staveringsflaters te typen en lês ek net altiten werom wat immen letter oan in stikje ferbettere of feroare hat. Ik wit dat Drewes my alris earder skreaun hat dat der bygelyks in streepke tusken 19e en iuwsk stean moat en wat de flater yn sikenhûs oanbelanget; dat betiizgje ik mei it Nederlânsk. Somtiden binne flaters ynsliten en as him dat wjerhellet, dan kin my dat gewoan efkes yndachtich wurde makke. Mar as dêr mei wachte wurdt dan jout it fansels argewaasje as der "foar de safolste kear" inselde flater ferbettere wurde moat. Ik besykje (om it sa mei Drewes te sizzen) ek wol om der fan te learen, mar bin gjin kompjûter en sil grif wol wer ris yn de âlde sûnde ferfalle (liket my dan gewoan in gefal fan wer efkes yndachtich meitsje). Ik bin likemin in taalpuritein (foar in taalgroep, wêrfan't in grut diel fan de sprekkers analfabeet yn eigen taal is liket my dat in grutte lúkse), dat ik fyn it wol bêst as immen seit dat it bygelyks Soera wêze moat ynstee fan Sûra. En it makket my ek neat út oft it no otterdoks of otterdoksk is. It is allinne makliker foar my te ûnthâlden as ik de reden wit werom't in wurd ôfwikend skreaun wurd. Jo hoege jo hielendal net te ferûntskuldigjen, it wie net eat dêr't ik my drok om makke, jo helpe my faak genôch en lykas ik sei bliuwt alles minskewurk. Ik fyn it wol aardich wurk om hjir stikjes te skriuwen, mar it moat net sa wêze dat se oaren om hokker reden ek argewaasje jouwe, want dêr bin ik nammentlik wol gefoelich foar. Groetnis --RomkeHoekstra (oerlis) 10 feb 2020, 08.22 (CET)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Bêst genôch, Romke. Ik bin bliid dat we dit even útpraten hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 feb 2020, 20.30 (CET)[beäntwurdzje]