Oerlis:Idi i Smotri

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@RomkeHoekstra: Goeie. Ik haw myn betinkings by it ferfryskjen fan 'e titels fan bûtenlânske films. Dat jout de (ferkearde) yndruk dat sa'n film Frysktalich is. Ik bin it mei jo iens dat we net de fernederlânske titel brûke kinne, want we skriuwe hjir net yn it Nederlânsk. Ik jou dêrom de foarkar oan it oanhâlden fan 'e Russyske titel of oars oan it brûken fan 'e min ofte mear offisjele ynternasjonale titel, dy't hast altyd Ingelsktalich is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 des 2022, 23.56 (CET)[beäntwurdzje]

Ik bin it hielendal mei jo iens. Ik hie al soksawat fan hoe moatte wy hjir no mei oan, mar woe net de Nederlânsktalige titel brûke. Ik ha de titel yntusken feroare yn de transliterearre titel. Ek Moviemeter brûkt de transliterearre titel, dus dan slút dat dêr moai op oan.--RomkeHoekstra (oerlis) 2 des 2022, 08.12 (CET)[beäntwurdzje]
Bêst genôch. Probleem oplost. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 des 2022, 23.32 (CET)[beäntwurdzje]