Oerlis:Holokaust

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Is it ek bekend hoefolle Joaden der út Frieslân wei fiere binne? --Geoffrey 9 jan 2008, 20.56 (CET)[beäntwurdzje]

Nei wat sykjen haw ik in stik taheakke oan dizze side. Groetnis Kening Aldgilles 9 jan 2008, 21.17 (CET)[beäntwurdzje]

Hallo, Moat dit net "Holokaust" wêze? It is ommers Gryksk, net Ingelsk. Mysha

Bestiet der in ôfspraak dat Ingelske wurden yn it Frysk net ferfryske wurde?--Geoffrey 10 jan 2008, 18.46 (CET)[beäntwurdzje]
Nee, mar it idee wie om wurden dy't net mei it Fryske alfabet skreaun wurde altiten te ferfryskjen. Holokaust is in Gryksk wurd, dat it wurdt net skreaun mei Fryske letters en at wy it dêrom ferfryskje wie it mei 'k'. Of wy Ingelske wurden net ferfryskje, en dat "Folkebrân" oars Frysker en dúdliker wie, dat is binne oare diskusjes. Mysha (talk)
Ik haw gjin beswier tsjin 'holokaust'; en dan it Grykske wurd dêrby en in Fryske ferklearring. Drewes (talk) 9 jul 2013, 15.22 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw de titel oanpast.

Kaartsjes[boarne bewurkje]

Anonym hie ien fan de twa kaartsjes fuarthelle, en dat is weromsetten. Mar it is eins al sa dat dy twa kaartsjes hast deselde ynformaasje hawwe. Is der wier in doel foar twa kaartsjes? As miniatuer fyn ik de kaartsjes oars net sa dúdlik. Koe de bêste kaart net as yllustraasje yn de tekst opnaam wurde? Mysha (talk)

Dat twadde kaartsje - mei de persintaazjes - sit my net yn de wei. Drewes (talk) 9 jul 2013, 15.22 (CEST)[beäntwurdzje]
Mei iens. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 9 jul 2013, 20.15 (CEST)[beäntwurdzje]
Sit it earste kaartsje dan al yn it paad? Ik sjoch de persintaazjes net; op beide lykje in kaart mei kampen, getto's en transportrûtes te wêzen. Hawar, ik hâldt der foar dit skoaljier mei op. Sjoch der nochris nei, en in noflike fakânsje. Mysha (talk)

Ik wit net wêrom Titus Brandsma noch in kear ferbaarne wurde moat.[boarne bewurkje]

Der stie "Titus Brandsma en Jens Emil Mungard binne ferneamde Friezen dy't mei de Holokaust deadien binne.". Dat stiet der no net mear, mar de útlis "(- lju dy't net joadsk wiene)" seit my net folle. Mysha (oerlis) 27 mrt 2023, 13.37 (CEST)[beäntwurdzje]

@Mysha: De Holokaust is eins allinnich de massamoard op 6 miljoen Joaden yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Sa hat ek de massamoard op in heal miljoen Sigeuners in eigen namme, de Porajmos. Dat wiene net allinnich massamoarden, mar ek gefallen fan etnyske suvering. Brandsma en Mungard binne fansels wol troch de nazys fermoarde, mar harren moarden falle strikt nommen net ûnder de Holokaust om't se gjin Joaden wiene, oars sein: der siet gjin etnyske komponist oan harren moarden. As se net tsjin 'e nazys opsprutsen hiene, hiene se 'gewoan' trochlibje kinnen sûnder ferfolge te wurden. By harren gie it dus net om etnyske suvering, mar om politike represje. Joaden, oan 'e oare kant, koene har nòch sa reewillich ûnder it nazy-bewâld deljaan, mar waarden dochs ferfolge; by harren gie it net om wat dat se diene, mar om wat dat se wiene. Dat is bêst wol in grut ferskil. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 mrt 2023, 15.34 (CEST)[beäntwurdzje]
Tsja, der stiet no: "De Holokaust (ôflaat fan it Grykske ὁλόκαυστον holókauston, 'folslein ferbaarnd'), as Shoah, Shoa of Sjoa (Hebriuwsk: שואה Ha-Shoah, 'katastrofe') is in begryp dat brûkt wurdt foar de likernôch seis miljoen Jeropeeske Joaden dy't wilens de Twadde Wrâldkriich ombrocht binne, troch it stribjen fan de Nazi's om de Joaden út te roeien. Ek oare groepen as de homo's, Sigeuners, Jehova's Tsjûgen, it Slavyske ras, lichaamlik beheinden en politike tsjinstanners fan de Nazi's waarden systematysk útroeit." It kin wêze dat it wurd foar guon beheind is ta minsken yn Jeropa fan Joadsk komôf, mar at wy it nedich fine en diel de minsken op yn net-Joaden en wol-Joaden, dan mei dat wol wat dúdliker útlein wurde. Dêrom wie "Folkebrân" dúdliker: It dielde de minsken op yn Minsken en Bisten. Hawar, wy hawwe no "Holokaust", Porajmos, homo-moard, Tsjûgen fan Jaweh-moard, Slavysk Ras-moard, fysyk-beheinden-moard en troch God ynstruearen-moard. Foar hokfoar groepen hawwe de oerlibbenden in namme foar wat der bart is, dy't wy noch opnimme moatte? Mysha (oerlis)
Dat wit ik ek net. Ik fertel jo allinne mar hoe't it sit. Wat jo oankaarten oer de tekst, dêr hawwe jo fansels wol gelyk oan. Dat liek nearne nei. Ik ha de ynlieding oanpast. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 mrt 2023, 22.47 (CEST)[beäntwurdzje]