Oerlis:Hoareka

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

It nuvere is dat de wurdboeken 'hoareka' jouwe. Drewes (oerlis) 15 jul 2019, 14.28 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik nim oan dat dat betsjut dat in net mear in ôfkoarting is fan hotel-restaurant-kafee, mar dat it no in selsstannich wurd wurden is. Mysha (oerlis)
Dat hie ik noch net sjoen. Ik fyn it hiel apart en bin it kwa betsjutting mei Mysha iens. Ik sil it derby sette. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 jul 2019, 17.00 (CEST)[beäntwurdzje]
It is fansels ek noch mooglik dat se der by de F.A. net goed oer neitocht hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 jul 2019, 17.03 (CEST)[beäntwurdzje]

Hoareka is oeral in selsstannich wurd. Dêrom soe ik alle 'horekas' feroarje wolle om't wy no ienris mei dy twaklankregel foar de 'r' sitte. Ik tink dat se dat by de F.A. ek wol yn it snotsje hân hawwe. Drewes (oerlis) 15 jul 2019, 17.41 (CEST)[beäntwurdzje]

Dat bin ik net mei jo iens: horeka is dúdlik in ôfkoarting fan "hotel-restaurant-kafee". As je der 'hoareka' fan meitsje, dan kloppet de ôfkoarting net mear. Koartsein: ik fyn it wat in ûnnoazele set fan 'e F.A., want je skriuwe no ienris net fan "hoatel". Mar goed, it is beslist gjin halssaak foar my, dat doch mar wat jo goed taliket. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 jul 2019, 18.40 (CEST)[beäntwurdzje]