Oerlis:Groubekwevers
Nij mêdDik gjin Frysk?
[boarne bewurkje]@Ieneach fan 'e Esk: Eefkes oer jo opmerking by jo feroaring fan 'e namme dat "dik" gjin Frysk is: sawol it Frysk wurdboek (ISBN 90 6066 441 8), it prisma wurdboek (ISBN 978 90 491 0436 8) as Frysker jouwe oan dat "dik" in Frysk wurd is. Dy aksje wie dus wat oerstallich, alhoewol't ik groubekwever ek goed fyn. Wat jo feroaring fan keppel yn swa(a)rm oanbelanget brûke jo as motivaasje dat fûgels gjin keppels foarmje. It wurd "keppel" betsjut groep en de wurdboeken dy't ik ha ferbine it wurd keppel (groep) net oan spesifike bisten. Yn it prismawurdboek wurdt as foarbyld in "keppel jonges of famkes" neamd, wylst de measte minsken miskien in "groepke jonges en famkes" sizze. Hoe dan ek, in swaarm is in grutte groep bisten, dy't as ienheid beweecht, lykas protters dat dogge. Jo feroarje de wurden "lytse keppels" (lytse groepkes) yn "swaarmen" en dêrmei wurdt de ynhâld ek wat oars. Ik feroarje it yn lytse groepkes, dan bliuwt de ynhâld teminsten oerein. RomkeHoekstra (oerlis) 4 sep 2025, 07.41 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Goeie. Huh. Ik hear der nuver fan op dat "dik" yn it Frysk ek mei. Ik haw eartiids it Frysk op 'e middelbere skoalle as eksamenfak hân, en wy ha doe altyd te hearren krigen dat "dik" gjin Frysk is; dat is "tsjûk"/"tsjok" of "grou". Ik haw juster dus net yn it wurdboek sjoen, want ik miende dit seker te witten. No haw ik de wurdboeken der nochris op neislein. Jo hawwe gelyk: it stiet deryn, mar der is noch wol in kanttekening by te pleatsen. It Prisma Wurdboek haw ik net, dat dêr kin ik gjin útspraken oer dwaan. Mar wat jo it Frysk Wurdboek neame (ik sjoch oan it ISBN dat jo it Nederlânsk-Fryske oersetwurdboek bedoele), jout by dik wol "dik", mar as fjirde fariant nei "grou", "tsjok" en "tsjûk", en dan noch allinnich by de betsjutting "m.b.t. afmeting". By de betsjutting "m.b.t. omvang" wurde allinnich "grou", "tsjok" en "tsjûk" jûn. Ik tink dat it by in snaffel giet om omfang en net om ôfmjitting, al fyn ik it dreech om sûnder foarbylden sekuer te begripen wat it ferskil is. Yn it Frysk Hânwurdboek (ISBN 978-9 06 27 37 901) komt it lemma "dik" ek foar, mar der stiet in haadletter H by foar hollanisme.
- Wat keppel oangiet, dat is yndie in groep, mar as de Fryske wjergader fan it Nederlânske kudde klinkt it my raar yn 'e earen om it te brûken foar fûgels. Dat it yn 'e bredere sin wol foar groep brûkt wurdt ("Op it fjild hjirfoaroer wie in hiele keppel jonges oan it fuotbaljen") liket my in ôflieding fan 'e oarspronklike betsjutting ta. As jo leaver in oar wurd brûke wolle as groepkes, soene jo, alteast nei myn miening, better in neutralere term nimme kinne, lykas "kloft" of "espel". Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2025, 16.40 (CEST)
- @RomkeHoekstra, @Ieneach fan 'e Esk, as ik ek even mei de diskusje bemoeie mei. Ik haw ek nea tocht dat "dik" Frysk is. Miskien is it wurd de lêste jierren yn 'e wurdboeken ferskynd, om't it yn 'e sprektaal in soad brûkt wurdt. Ek Frysker jout "dik" oan, mar dan as lienwurd en stiet ek efter "grou" en "tsjok". Kneppelfreed (oerlis) 4 sep 2025, 17.18 (CEST)
- @Kneppelfreed It neamde Frysk Wurdboek is 30 jier âld.--RomkeHoekstra (oerlis) 4 sep 2025, 17.54 (CEST)
- @RomkeHoekstra en Kneppelfreed: Dêr hat Romke wol in punt, Kneppelfreed. Litte we wol wêze: "dik" is fansels ek al miskien wol hûndert jier ynboargere yn 'e Fryske sprektaal. Mar ik ferkearde ûnder de yndruk dat it út 'e skriuwtaal warre waard. Yn it Frysk-Nederlânske oersetwurdboek, dat tagelyk mei de Nederlânsk-Fryske fariant ferskynde dêr't RomkeHoekstra nei ferwiist, is dik as lemma ek opnommen, sjoch ik no. Dêr stiet: "dik, adj. [dɪk] -ker, -st. Dik (m.b.t. afmeting)." Dus wer allinnich wat ôfmjitting oangiet, mar der wurdt likemin as yn it Nederlânsk-Fryske oersetwurdboek oanjûn wat se dêr no krekt mei bedoele. Ik ynterpretearje it sa: ôfmjitting is bgl. de dikte fan in planke, wylst omfang giet om 'e omtrek fan bgl. in beam, in persoan of in snaffel. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2025, 21.59 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk, @RomkeHoekstra ja dat bedoelde ik ûngefear te sizzen. Wy seine altyd fan "grou" safier ik weromtinke kin, foar alles. "Dik" hearde ik ek in soad om my hinne, mar ik hie altyd tocht dat dat in hollanisme wie en dat "grou" en "tsjok" yn 'e skriuwtaal "geef" wiene. Mar it skynt dat "dik" yn 't Frysk dus ek geef is, teminsten wat "ôfmjitting" oanbelanget. Kneppelfreed (oerlis) 4 sep 2025, 22.14 (CEST)
- @Kneppelfreed en RomkeHoekstra: Ja, hoewol, neffens it Frysk Hânwurdboek, dat ferskynde yn 2008, is it yn alle betsjuttings in hollanisme. Bysûnder, dat de Fryske Akademy yn ferskillende útjeften wer mei ferskillende stimmen sprekt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2025, 22.20 (CEST)
- It Wurdboek fan de Fryske Taal beskôget dik as in Hollandisme. Ik soe sizze, wy geane der fan út dat it net-winske is. Mysha (oerlis)
- Dêr slút ik my by oan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 sep 2025, 21.28 (CEST)